Bagdad: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav./korr.
Rigel 39:
Bagdad waard yn [[762]] stifte ûnder de namme ''Madinat as Salam''', wat ynhâldt de ''Stêd fan de Frede''. De stêd wie mei tuskenskoften de [[haadstêd]] fan it [[kalifaat]] fan de [[Abbasiden]]. De namme ''Bagdad'' hearde feitlik by in doarpke ticht yn de buert, dêr't de namme fan oergong op de tichteby lizzende stêd. De namme Bagdad komt út it [[Perzyske taal|Perzysk]] en betsjut 'skonken tún'. (Yn it Perzysk, 'Bagh' (بغ) betsjut hof, garde en 'dad' (داد) betsjut jaan). In bynamme foar Bagdad wie de ''Rûne Stêd'', troch har rûne foarm. Yn in pear jier tiid ferrize der in grut paleis en in grute moskee en de stêd woeks eksplosyf troch de tastream fan minsken út de hiele islamityske wrâld. De stêd bloeide as hannelsstêd trochdat in grut part fan de hannelswegen tusken [[Aazje]] en [[Jeropa]] oer Bagdad gienen. De grutte havenstêd [[Basra]] oan de [[Perzyske Golf]] soarge foar in goede ferbining mei de [[Yndyske Oseaan]]. Sa kamen wichtige seerûtes fanút East-Afrika en Súd-Aazje by Bagdad gear.
 
De keunsten en wittenskippen waarden stimulearre troch de yntellektuele frijheid dy't de Abbasiden foarstienen en der ûntstienen ferneamde studzjesintra mei ûnder oare it [[Hûs fan de Wiisheid]], dêr't út de hiele bekende wrâld wei studinten en gelearden hinne kamen om te studearjen en ûnderwizen. Bagdad waard in wichtich sintrum foar it yn stân hâlden fan de eardere [[hellenisme|Helleenske]] skriften. In diel fan de klassike literatuer wie allinnich noch bekend troch Arabyske oersettings dy't hjir bewarre en fan kommentaar foarsjoen waarden. Ek de genêskunde stie op in heech peil. Ut dy tiid (de 9e ieuiuw) datearje de ferhalen fan ''1001 nacht'', dêr't Bagdad en syn ferneamde [[kalyf]] [[Haroen al Rashid]] in wichtige rol yn spylje.
 
Yn [[1055]] feroveren de [[Turken|Turkske]] [[Seltsjoeken]] de stêd. Sy respektearren it gesach fan de kalyf mar bestjoerden sels de wrâldske saken. Yn Bagdad waard troch harren de [[Nizamiyyah]] stifte, in oare foarm fan heger ûnderwiis, dy't mear op Turkske en Perzyske tradysjes stipe. Oant yn [[1258]] bleau Bagdad ien fan de wichtichste steden fan de islamityske wrâld en fan West-Aazje. Yn dat jier ferwoasten de [[Mongoalen]] Bagdad en deaden sawat de hiele befolking, wêrûnder ek de lêste kalyf. Dêrnei namen oare kultuersintra yn it Midden-Easten de rol fan Bagdad oer, benammen Egypte en Spanje. Yn [[1401]] waard de stêd opnij troch [[Mongoalen]] plondere, en yn [[1534]] foel Bagdad yn hannen fan de [[Turken]]. Nei de fal fan it [[Ottomaanske Ryk]] yn [[1917]] waard Bagdad yn [[1920]] de haadstêd fan Irak en waard bestjoerd troch de [[Grut Brittanje|Britten]].
Rigel 49:
It ynwennertal wurdt op 5,5 miljoen rûsd (2008). Yn de hiele stêdekloft wenje sa'n 10,6 miljoen minsken (2008). It grutste part fan de befolking is fan Arabyske komôf. Dy groep bestiet út [[Soennisme|Soenniten]] en [[Sjiïsme|Sjiïten]]. Der is in frij grutte Koerdyske minderheid, en aardich wat Turkmenen, Assyrjers/Aramenen. Dêrneist is der in lytse Sûdaneeske minderheid. Yn Bagdad wurdt in Irakeze fariant fan it [[Arabysk]] praat.
 
Foar de [[Irakkriich]] yn 2003 begûn, wie 90 persint fan de befolking moslim, wêrfan 65 persint soenniten en 35 persint sjiïten. Yn de Irakkriich en it Irakkonflikt reagen de Soenniten de Sjiïten de stêd út. Yn 2007 wie de ferhâlding 20-25% Sjiïtysk en 75-80% Soennitysk. Under it bewâld fan [[Saddam Hoessein]] waard it [[Kristendom]] talitten. Ien fan de Irakeze ministers, [[Tariq Aziz]], wie lid fan de Kaldieusk[[Galdeesk-katolikeKatolike Tsjerke]]. Foar de Irakkriich yn maart 2003 begûn wie 10 persint fan de ynwenners fan Bagdad kristen. Troch de krisis dy't nei de kriich folge wie it tal kristenen noch mar 5 persint yn 2006. De helte fan alle kristenen yn Irak wennet yn Bagdad. Troch spanningen mei Israel wurdt it Joadendom net tastien. Yn 1946 wie der noch in frij grutte Joadske mienskip fan 136.000 minsken yn Irak, wêrfan 77.000 yn Bagdad (in fearnspart fan de befolking). Yn july 2003 fleagen seis fan de 34 Joaden yn de stêd nei Israel.
 
;Untjouwing ynwennertal