Portegal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 70:
 
== Skiednis ==
De skiednis fan Portegal is dat fan in âld Jeropeesk lân, wêr't de oarsprong tebek giet oant de iere [[Aldheid]]. It makke opgong ta in wrâldmacht yn de tiid fan de [[ûntdekkingsreis|ûntdekkingsreizen]] en hie oeral grutte koloanjes. It hichtpunt lei yn de [[15e ieuiuw|15e]] en [[16e ieuiuw]]. Dêrnei ferlear Portegal in protte fan har macht, rykdom en status en soe stadichoan yn in spiraal nei ûnderen telâne komme, mei as djiptepunten de ferneatiging fan [[Lissabon]] tidens de [[ierdskodding]] fan [[1755]], de besetting troch [[Napoleon Bonaparte|Napoleon]] yn [[1807]], en it ferlies fan de [[Brazylje|Brazyljaanske]] koloanje yn [[1822]].
 
In [[revolúsje]] yn [[1910]] makke in ein oan de [[monargy]]. Portegal waard in republyk, wêr't nei korrupsjeperikelen en in grutte steatsskuld troch in militêre kûp in [[diktatuer]] festige waard, dy't oant en mei [[1974]] duorje soe, doe't in linkse militêre kûp [[demokrasy|demokratyske]] werfoarmingen trochfierde. It jier derop waarden de lêste [[Afrika]]anske koloanjes ûnôfhinklik.