Batumi: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L {{com}}
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 24:
'''Batumi''' ([[Georgysk]]: ბათუმი) is in [[haven]]stêd oan 'e [[Swarte See]] yn súdwestlik [[Georgje]]. It is de haadstêd fan de [[Autonome Republyk Adzjaarje]], dy't yn it súdwesten fan [[Georgje]] leit. De 137.000 ynwenners fertsjinje harren jild benammen yn de oalje-yndustry, skipsbou, agro-yndustry, lichte yndustry en toerisme.
 
Yn de [[Aldheid]] hawwe de [[Griken]] de koloanje ''Batis'' stiften. Sûnt de [[11e ieuiuw]] is de stêd bekend om syn fersterkings en sûnt de midsieuwenmidsiuwen makket it part út fan Georgje. Foardat de stêd yn [[1878]] yn [[Ruslân|Russyske]] hannen kaam, hearde it sûnt de [[16e ieuiuw]] by it Ottomaanske ryk. Om dy reden binne de measte ynwenners fan Batumi en Adzjaarje [[islam]]itysk, yn tsjinstelling ta de measte oare ynwenners fan Georgje, dy't [[Kristendom|kristlik]] binne. Yn de tiid fan [[Stalin]] waard de moslimbefolking ûnderdrukt. [[Josef Stalin]] sels wenne yn 1901 in skoftke yn de havenstêd om stakings te organisearjen. It Stalin-museum bringt dy tiid noch yn it ûnthâld.
 
Batumi leit yn in regio mei in [[subtropysk klimaat]], en is om dy reden útfierhaven fan sitrusfruchten, tee, tabak en hazzenuten. De stêd is it einpunt fan de Transkaukazyske spoarline en fan de [[Bakoe]]-oalje-piipline. De oalje wurdt oerpompt yn boaten dy't dêrmei rjochting Midslânske See farre. Guon oalje wurdt earst bewurke yn de raffinaderijen.