Denemark: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 24:
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Runenstein Gorm 1.jpg|thumb|left|Runenstien Gorm by de tsjerk yn Jelling]]
De Denen teagen yn de [[6e ieuiuw]] út Skâne wei nei [[Jutlân]] en de westlike Eastsee-eilannen, dêr't hja oare Germaanske stammen út it stee krongen hawwe. Yn de [[10e ieuiuw]] ferienige Gorm de Alde († 950) in stikmannich lytse keninkrykjes ûnder syn bewâld. Syn soan Harald Blautosk naam om 960 hinne it Kristendom as leauwen oan. Doe't yn [[1035]] de Ingelske kening Knoet de Grutte stoar, koe de Deenske kening fierder mei it feroverjen fan parten fan de Britske eilannen, Noarwegen en Súd-Jutlân. Oant 1100 ta waarden de folken yn Denemark, Noarwegen en Sweden [[Wytsingen]] neamd. Nei in minne rite koe Waldemar I it lân fierder útwreidzje. Grutte parten fan de kustregio besuden de [[Eastsee]] waarden ferovere, yn [[1219]] oant [[Estlân]] oan ta. It besit fan dy gebieten hat lykwols net lang duorre; yn [[1227]] waarden de Denen yn de Slach by Bornhöved ferslein troch de [[Dútslân|Dútsers]]. Estlân waard yn [[1346]] oan de Dútske gebieten ferkocht en Denemark erkende yn [[1370]] de hearskippij fan de [[Hânze]] oer de Eastsee. De Deenske hearskers rjochten har doe mear op it noarden: yn [[1397]] waarden Denemark, Noarwegen, [[Yslân]], Sweden en [[Finlân]] feriene yn 'e [[Kalmaruny]], mei Denemark as oanfierder. Dat ferbûn hat oant [[1523]] bestien, doe't Sweden syn ûnôfhinklikens werom hawwe woe.
 
Oant de 17e ieuiuw bleaunen de ferhâldings mei Sweden beskiedend, dêr't de beide keninkriken om de hearskippij oer Skandinaavje en it Baltyske gebiet striden. Skâne, Blekinge un Hallân wienen eigentlik de gebieten dêr't de Denen weikamen, mar dy gebieten waarden yn 1658 Sweedsk, en ek hjoed hearre dy gebieten by Sweden. It geastlike libben fan dy tiid wie beskaat troch de [[Reformaasje]], dy't yn [[1536]] troch Christian III. ynfierd waard. De ''Reformminister'' Johann Hartwig Ernst von Bernstorff, Johann Friedrich Struensee en Andreas Peter von Bernstorff modernisearren it lân twiske 1751 en 1797 yn de sin fan de ferljochting, wêrby't de boerebefrijding fan [[1788]] tige wichtich wie. Yn 'e Napoleonistyske tiid besocht Denemark, yn in bûn mei de oare Eastseelannen, om in neutrale tredde macht te foarmjen. De Ingelske oanfal yn de Twadde Seeslach fan Kopenhagen twong it lân gear te wurkjen mei [[Frankryk]], en it moast dêrom nei de delgong fan Frankryk al yn [[1814]] by Frede fan Kiel [[Hilgelân]] oan [[Grut-Brittanje]] jaan en Noarwegen oan Sweden. De Faeröer eilannen, Yslân, [[Grienlân]] en Deensk-Westynje bleaunen by Denemark.
 
Nei jierren fan ekonomyske ûnrêst ûnder de Napoleonistyske Oarloggen wie it kulturele klimaat tige geunstich. De tiid tusken 1800 en 1850 waard letter ek wol de Gouden IeuIuw fan Denemarken neamd.<ref>[http://www.guldalder.dk/ guldalder.dk] webside mei ynformaasje oer de Deenske Gouden IeuIuw</ref> De wichtichste minsken út dy Gouden IeuIuw waarden wiid ferneamd yn binnen- en bûtenlân. De grutste keunstners út dy tiid binne byldhouwer [[Bertel Thorvaldsen]], skilder [[Christoffer Wilhelm Eckersberg]] en de romantyske dichter [[Adam Oehlenschlåger]]. Noch bekender waarden skriuwer [[Hans Christian Andersen]] en de filosoof [[Søren Kierkegaard]].
 
Foar de Earste Wrâldkriich hie Denemarken goede kontakten mei sawol Grut-Brittanje as Dútslân en nei it útbrekken fan de oarloch ferklearre it Deenske regear dat Denemarken neutraal bliuwe soe. Dat hie grutte foardielen foar de ekonomy, hoewol't in tredde fan de Deeenske hannelsfloat stikken rekke en ûndergong troch de kriich. Troch de oarloch kaam ek it kommersjele en strategyske belang fan de Deenske koloniën yn West-Ynje op it aljemint, yn 1917 ferkocht Denemarken de Famme-eilannen oan de Feriene Steaten. Troch it ferlies fan Dútslân yn 1918 begûn it âlde grinskonflikt fan Sleeswyk-Holstein op 'e nij. It [[Ferdrach fan Versailles]] ferdielde de regio yn twa gebieten en nei in referindum yn 1920 kaam it noardlike diel wer by Denemarken. It súdlike part bleau ûnderdiel fan Dútslân.
Rigel 100:
 
=== Film ===
Wat de stomme film oanbelanget is Denemark de grutste filmprodusint nei de [[Feriene Steaten]], [[Dútslân]] en [[Frankryk]]. Asta Nielsen is it neamen wurdich wat har bydrage oan de filmkeunst oanbelanget, sy waard oan it begjin fan de 20e ieuiuw ferneamd mei de stomme film ''Afgrunden'' fan de regisseur Urban Gad. De Deenske produksjestudio Nordisk Film hearde yn de tiid fan de [[Earste Wrâldkriich]] ta de grutste en produktyfste filmstudio's fan de wrâld. Yn de njoggentiger jierren fan de 20e ieuiuw smieten de films fan Lars von Trier oer it generaal wol aardich wat diskusje op. Butenlânske films binne yn Denemark net syngronisearre, mar mei ûndertitels. Dat jildt net foar bernefilms.
 
=== Media ===