Noardeastpolder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 33:
* [[Marknesse]] is neamd nei Marcnesse of Marenesse, in doarp dat neffens de kroniken yn de buert fan Urk en Skoklân lein hat.
* [[Nagele]] is in namme, dy't doe't de Noardeastpolder ûntstie, krekt net ferdwûn wie. Alde Suderseefiskers bewearden wol, dat se harren netten skuorden oan de restanten fan it plak Nagele (op âlde kaarten foarkommend ûnder de nammen Naghele en Nakala) dat ea tusken Urk en Skoklân lei. Byleauwige seelju hearden dêr by stoarmwaar sels de klokken fan de troch de see ferwoaste toer lieden.
* [[Rutten]] is ôflaat fan Ruthne, in doarp dat yn de [[14e ieuiuw]] noch noardlik fan Urk lein hawwe moat.
* [[Tollebeek]] lei earder yn de buert fan Urk, it plak is in stêdebân oangien mei [[Tollembeek]] yn [[Belgje]]
In part fan de gemeente Urk leit al yn de polder, mar Urk is in aparte gemeente.