Ferskil tusken ferzjes fan "Ambassade"

Gjin feroaring yn grutte ,  5 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
Foar de [[Earste Wrâldoarloch]] hiene inkeld grutmachten ambassades, wylst alle oare lannen [[gesantskip]]pen ûnderholden, dy't ek wol legaasjes neamd waarden. Gesantskippen waarden laat troch gesanten, dy't yn it [[protokol]] leger yn achting stiene as ambassadeurs. Grutmachten wegeren om [[ambassadeur]]s fan lytsere lannen te ûntfangen, om't dat ynhâlde soe dat se dan ek in ambassadeur weromstjoere moatte soene, en ambassadeurs genoaten doedestiden in hiel heech ynkommen en fierden in grutte steat. It wie dus folle foardieliger om in gesant te stjoeren.
 
Geandewei de earste helte fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] ferdizene it ûnderskie tusken ambassades en gesantskippen en tusken ambassadeurs en gesanten. Doe't guon lannen har gesantskippen begûnen op te wurdearjen ta ambassades, moasten alle oaren dêr wol yn meigean om protokollêr net yn it neidiel te reitsjen. Nederlân ferhefte yn [[1942]] syn gesantskippen yn [[Grut-Brittanje]] en de [[Feriene Steaten]] ta ambassades, en nei ôfrin fan 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] dy yn alle oare lannen ek.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
17.653

bewurkings