Ferdivedaasjepark: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
In '''ferdivedaasjepark''', '''attraksjepark''', '''amusemintspark''', '''temapark''' of ''pretpark'' ([[hollanisme]]) is in [[rekreaasje|rekreaasje-oard]] dêr't men jin tsjin betelling fermeitsje kin mei almeast grutskalige attraksjes lykas [[achtbaan|achtbanen]], [[reuzerêd]]en, [[mearkestún|mearkestunen]] en [[wyldwetterbaan|wyldwetterbanen]]. Sa'n park ûnderskiedt him fan in [[merke]] trochdat it net ferpleatsber is, en fan in [[boarterstún]] trochdat it oer (folle) gruttere attraksjes beskikt. Dêrby binne ferdivedaasjeparken rjochte op it fermeitsjen fan grutte groepen minsken, almeast [[toerisme|toeristen]], mei't sa'n park te grut en djoer is om inkeld bestean te kinnen fan besyk troch de pleatslike befolking.
 
Ferdivedaasjeparken hawwe har ûntjûn út 'e [[Jeropa|Jeropeeske]] tradysje fan it hâlden fan in jierlikse [[merke]]. Ek de [[wrâldtentoanstelling]]s fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] hawwe der har ynfloed op hân. Faak hat in ferdivedaasjepark in beskaat tema (dêrfandinne de oantsjutting "temapark"), dêr't alle attraksjes mei te krijen hawwe. Yn guon parken betellet men by de yngong in alomfetsjende tagongspriis wêrnei't alle attraksjes fierders frij besocht wurde kinne; yn oare parken is de yntreepriis leech, mar moat foar alle attraksjes apart bybetelle wurde. Hoewol't ferdivedaasjeparken besocht wurde troch minsken fan alle leeftydskategoryen, lizze se har dochs benammen ta op it fermaak fan bern.
 
Guon fan 'e bekendste ferdivedaasjeparken fan 'e wrâld binne [[Disneyland]], yn [[Anaheim (Kalifornje)|Anaheim]], [[Disney World]], yn [[Orlando (Floarida)|Orlando]], [[Disneyland Paris|Euro Disney]], yn [[Parys]], en [[Warner Bros. Movie World (Dútslân)|Warner Bros. Movie World]], yn it [[Dútslân|Dútske]] [[Bottrop]]. Yn [[Nederlân]] is de [[Efteling]], yn it [[Noard-Brabân|Brabânske]] [[Keatsheuvel]], fierwei it bekendste ferdivedaasjepark. Oaren binne [[Duinrell]], yn [[Wassenaar]] ([[Súd-Hollân]]), [[Attraksjepark Slachharen]], yn [[Slachharen]] ([[Oerisel]]) en [[Walibi Holland]] (de eardere Flevohof), yn [[Biddinghuzen]] ([[Flevolân]]). Yn [[Fryslân]] besteane de folgjende ferdivedaasjeparken: