Ferklearring fan Arbroath: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[File:Declaration of arbroath.jpg|right|thumb|200px|De Ferklearring fan Arbroath.]]
De '''Ferklearring fan Arbroath''' ([[Ingelsk]]: ''Declaration of Arbroath'') is in [[Skotlân|Skotske]] [[ûnôfhinklikheidsferklearring]] dy't datearret fan [[1320]], ûnder de [[Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen]], doe't it [[Keninkryk Skotlân]] dwaande wie syn selsstannigens werom te winnen nei in fearnsieufearnsiuw fan oerhearsking troch [[Ingelân]]. It is in ferneamd dokumint, om't it de ierst oerlevere ûnôfhinklikheidsferklearring fan 'e wrâld is, en sadwaande is it ek bûten de [[Britske Eilannen]] fan grutte betsjutting.
 
De Ferklearring fan Arbroath is skreaun yn it [[Latyn]] en steld as in [[brief]], datearre op [[6 april]] [[1320]] en rjochte oan [[paus]] [[Jehannes XXII]], as ûnderdiel fan in [[diplomasy|diplomatike]] kampanje om pauslike goedkarring en befêstiging te krijen foar it bestean fan Skotlân as in ûnôfhinklike, [[soevereiniteit|soevereine]] [[lân|steat]]. Teffens wurdt yn 'e ferklearring it [[rjocht]] fan Skotlân ûnderboud om (as selsstannige steat) gebrûk te meitsjen fan militêr geweld as it ûnrjochtlik oanfallen of ûnderdrukt wurdt (sa't it gefal wie yn 'e perioade fan 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen).