Kavia: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 11:
IUCN-status= [[IUCN-status]]: n.f.t. ([[húsdier]])
}}
De '''kavia''' ([[Latyn]]ske namme: ''Cavia porcellus''), ek wol '''hûskavia''' neamd om oan te jaan dat it giet om in [[domestisearre bist]] en ta ûnderskie fan 'e oare [[kavia's|kaviasoarten]], is in [[sûchdieren|sûchdier]] út it [[skift]] fan 'e [[kjifdieren]] (''Rodentia''), de [[famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[kavia-eftigen]] (''Caviidae'') en it [[skaai (taksonomy)|skaai]] fan 'e [[kavia's]] (''Cavia''). Hoewol't dit bist ek wol bekend stiet as it '''Guineesk bichje''', is it hielendal net nau besibbe oan 'e [[baarch]] en likemin komt it út [[Guinee]]. Feitliks is de kavia ôfkomstich út it [[Andes]]berchtme fan [[Súd-Amearika]], dêr't er troch de befolking tradysjoneel holden wurdt foar it fleis. Sûnt syn yntroduksje yn 'e [[sechstjinde ieuiuw]] is de kavia yn Westerske lannen in populêr [[húsdier]] wurden.
 
==Skiednis fan 'e kavia as húsdier==
De kavia komt oarspronklik út it [[Andes]]berchtme fan [[Perû]], [[Ekwador]], westlik [[Bolivia]] en súdlik [[Kolombia]], dêr't er mooglik al om 5.000 f.Kr. hinne as in betroubere itensboarne [[domestikaasje|domestisearre]] waard troch de pleatslike [[Yndianen|Yndiaanske]] befolking. (Dat wie in pear tûzen jier neidat yn itselde gebiet de [[lama (bist)|lama]] domestisearre wie.) Foarhinne waard oannommen dat de kavia ôfstamme fan krusings tusken trije wylde [[kavia's|kaviasoarten]], de [[Amazônekavia]] (''Cavia fulgida''), de [[berchkavia]] (''Cavia tschudii'') en de [[Brazyljaanske kavia]] (''Cavia aperea''). Resint ûndersyk op it mêd fan [[molekulêre erflikheid]] oangeande de kavia hat lykwols útwiisd dat dit bist frijwol folslein fan allinnich de berchkavia ôfstammet. It soe skoan kinne dat guon soarten [[kavia's]] dy't yn 'e [[tweintichste ieuiuw]] identifisearre binne, lykas de [[Anolaimakavia]] (''Cavia anolaimae'') en de [[Guyanakavia]] (''Cavia guianae''), eins hûskavia's binne dy't nei milennia fan domestikaasje reyntrodusearre binne yn it wyld.
 
Op [[argeology]]ske fynplakken binne stânbylden fan kavia's opgroeven dy't datearje út 'e perioade tusken 500 f.Kr. en 500 n.Kr. De [[Motsje (kultuer)|Motsje]] (''Moche''), in [[folk]] dat yn 'e [[Aldheid]] Perû bewenne, die oan [[soölatry]] (bisteferearing) en bylde gauris kavia's ôf yn syn [[keunst]]wurken. Tusken likernôch [[1200]] en de ferovering fan it gebiet troch de [[Spanje]]rts, yn [[1532]], ûntstiene yn it [[Inka-ryk]] troch selektyf fokken in grut tal ferskillende fariëteiten fan kavia's, dy't de grûnslach foarmen fan 'e moderne kaviarassen. Hjoed de dei wurde kavia's yn 'e Andeslannen noch altyd holden foar it fleis. Lange tiid waarden se inkeld as iten foar de lânseigen Yndiaanske befolking beskôge, mar sûnt de midden fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] is it iten fan kaviafleis ynboargere rekke yn alle maatskiplike fermiddens. De bisten kinne bestean fan it [[griente]]ôffal fan in gesin, plantsje har tige fluch fuort en nimme sa'n bytsje romte yn beslach dat se fokt wurde kinne yn 'e stêd.
[[File:Cuy_Guinea_Pig_Dish_SG.jpg|left|thumb|220px|In kaviagerjocht, optsjinne yn [[Ekwador]].]]
 
Rigel 24:
[[File:Cavia_porcellus_002.jpg|right|thumb|220px|In kavia op 'e earm.]]
 
Kavia's waarden yn 'e [[sechstjinde ieuiuw]] foar it earst troch [[Spanje|Spaanske]], [[Nederlân]]ske en [[Ingelân|Ingelske]] keaplju nei [[Jeropa]] ta brocht, dêr't se al gau in raazje waarden as eksoatyske húsdieren foar de hegerein. Sa hold bgl. de Ingelske keninginne [[Elizabeth I fan Ingelân|Elizabeth I]] ferskate kavia's. It ierst bekende skreaune ferslach oer it bist datearret út [[1547]] en is ôfkomstich fan it eilân [[Hispanjoala]], yn it [[Karibysk Gebiet]]. Om't kavia's dêr net lânseigen binne, waard foarhinne tocht dat iere Spaanske ûntdekkingsreizgers se meinommen hawwe moasten út Súd-Amearika, mar resint hawwe opgravings op Hispanjoala en ferskate oare Karibyske eilannen, wêrûnder [[Porto Riko]], dúdlik makke dat kavia's dêr al om 500 f.Kr. hinne yntrodusearre binne fia de hannelsrelaasjes dy't yn dy perioade blykber mei it gebiet fan 'e Andes ûnderholden waarden.
 
Yn Jeropa waard de kavia foar it earste beskreaun yn [[1554]], troch de [[Switserlân|Switserske]] [[wittenskipper]] [[Conrad Gessner]]. De earste [[wittenskip]]like beskriuwing waard dien troch de grutte [[Sweden|Sweedske]] [[biolooch]] [[Carolus Linnaeus]], en it bist krige syn [[wittenskiplike namme]] yn [[1777]] fan 'e [[Dútslân|Dútske]] biolooch [[Johann Christian Polycarp Erxleben]]. Dy namme wie ''Cavia porcellus''; ''cavia'' is in ferbastering fan ''cabiai'', de namme fan it bist yn 'e taal fan 'e [[Galiby (folk)|Galiby]]-[[Yndianen]], dy't yn it ferline [[Frânsk-Guyana]] bewennen. Mooglik komt dat wurd fan it [[Portegeesk]]e ''çavia'' (modern Portegeesk: ''savia''), dat wer ûntliend is oan it [[Tûpy (taal)|Tûpy]]-wurd ''saujá'', dat "rôt" betsjut. De tafoeging ''porcellus'' is [[Latyn]] foar "bichje".