Laguna Beach (Kalifornje): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
klear
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 30:
 
==Skiednis==
Minsklike bewenning fan Laguna Beach giet yn elts gefal 11.700 jier tebek. Yn 'e [[skiednis|histoaryske perioade]] waard it gebiet bewenne troch de [[Tongva (folk)|Tongva]]-[[Yndianen]]. De earste [[jeropide ras|blanken]] dy't de krite oandiene, wiene [[Spanje|Spaanske]] [[misjonaris]]sen, yn 'e iere [[sechstjinde ieuiuw]]. Mei de rest fan [[Opper-Kalifornje]] hearde Laguna Beach earst ieuwenlangiuwenlang by de Spaanske [[koloanje]] [[Nij-Spanje]], dy't yn [[1821]] ûnder de namme [[Meksiko]] ûnôfhinklik waard. Nei de [[Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch]] kaam it gebiet yn [[1848]] by de [[Feriene Steaten]] te hearren.
 
Under it [[Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo]], dêr't de oarloch mei beëinige waard, moasten de Amerikanen it grûnbesit troch Meksikanen yn Opper-Kalifornje respektearje, en sa bleau de krite fan Laguna Beach ek neitiid eigendom fan in José Antonio Andres Sepúlveda. Troch [[drûchte]] waard dy lykwols yn [[1864]] twongen om it lân te ferkeapjen oan 'e Amerikaanske grutgrûnbesitter [[James Irvine (grutgrûnbesitter)|James Irvine]]. Dy dielde de grûn op yn perselen en ferkocht dy troch oan 'e kolonisten út 'e eastlike Feriene Steaten dy't nei de ein fan 'e [[Amerikaanske Boargeroarloch]] ([[1861]]-[[1865]]) massaal nei it [[Wylde Westen|westen]] teagen.