Marije I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nev1 (oerlis | bydragen)
→‎Jonkheid yn Skotlân: File:Linlithgow Palace NW 03.jpg
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 49:
De fiifjierrige Marije waard dêrop oerbrocht nei Frankryk, dêr't se de folgjende trettjin jier fan har libben trochbringe soe oan it Frânske Hof. Hja hie dêr in eigen húshâlding besteande út û.m. har beide ûnwettige healbruorren en de 'fjouwer Marijen', fjouwer famkes fan har eigen jierren út 'e meast foaroansteande [[adel|aadlike]] famyljes fan Skotlân (Beaton, Seton, Fleming en Livingston), dy't allegear fan Marije hieten. Neffens kontemporêne boarnen wie Marije libben, tsjep en fernimstich, en mocht eltsenien oan it Frânske Hof graach oer har, útsein [[Katerine de' Medici]], de frou fan kening Hindrik II. Marije learde [[lút]]spyljen, koe sawol [[proaza]] as [[poëzij]] skriuwe, die oan [[hynsteriden]], [[falkerij]] en [[hantwurk]] en kaam behalven [[Skotsk]] ek [[Frânsk]], [[Italjaansk]], [[Latyn]], [[Spaansk]] en [[Aldgryksk]] floeiend te sprekken.
 
Hoewol't hja har ûntjoech ta in mûlripe en tige lange jonge frou (hja wie 1.80 m, wat útsûnderlik wie foar froulju yn 'e [[sechstjinde ieuiuw]]) en har ferseine Frâns stammere en abnormaal koart wie, koene hja it nei't it skynt goed mei-inoar fine. Op [[4 april]] [[1558]] tekene Marije in geheime oerienkomst wêryn't stie dat se Skotlân en har oanspraken op 'e troan fan Ingelân neilitte soe oan 'e Frânske keninklike famylje yn it gefal dat se sûnder bern kaam te ferstjerren. Tweintich dagen letter troude se mei Frâns yn 'e [[Nôtre Dame (Parys)|Nôtre Dame]] te [[Parys]], en waard de kroanprins kening-gemaal fan Skotlân.
 
Yn [[novimber]] fan datselde jiers kaam Marije har efternicht [[Elizabeth I fan Ingelân|Elizabeth I]] op 'e Ingelske troan nei it ferstjerren fan har âldere healsuster [[Marije I fan Ingelân|Marije de Bloedige]]. Om't Elizabeth berne wie út in houlik dat troch har heit Hindrik VIII sletten wie nei't er him sûnder tsjerklike tastimming skiede litten hie fan syn earste frou [[Katerina fan Aragon]], beskôgen roomsen har lykwols as in ûnwettich bern, dat sadwaande nea yn oanmerking komme meien hie foar de Ingelske troan. Ynstee waard troch de measte roomsen, ek dy yn Ingelân sels, Marije fan Skotlân, as de naust besibbe ôfstammeling fan Hindrik VIII syn suster Margareta, sjoen as de rjochtlike keninginne fan Ingelân. Sadwaande liet Hindrik II fan Frankryk syn soan en skoandochter nei Elizabeth har troansbestiging útroppe ta wiere kening en keninginne fan Ingelân.