Publishers Weekly: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 21:
 
==Skiednis==
''Publishers Weekly'' waard oprjochte troch de yn [[Dútslân]] berne Amerikaanske [[bibliograaf]] [[Frederick Leypoldt]], dy't oan 'e ein fan 'e [[1860]]-er jierren foar it earst it idee foar sa'n faktydskrift krige. Hy liet ferskate titels yn him omgean, oant er úteinlik keas foar ''The Publishers' Weekly'' ("It Wykblêd fan de Utjouwer"). It [[lidwurd]] en de [[apostrof]] ferdwûnen geandewei de [[tweintichste ieuiuw]] út 'e titel. Yn [[1872]] ferskynde de earste edysje, en fan doe ôf oant no ta is it tydskrift oan ien stik wei ferskynd.
 
Yn 't earstoan bestie de ynhâld fan it blêd út in kompilaasje fan ynformaasje dy't fersoarge waard troch ûnderskate útjouwers en sammele waard út oare boarnen. It publyk dêr't it blêd op rjochte wie, bestie benammentlik út boekferkeapers. Fjouwer jier nei de oprjochting, yn [[1876]], waard ''Publishers Weekly'' lêzen troch njoggen fan de tsien Amerikaanske boekferkeapers. Yn [[1878]] die Leypoldt it tydskrift mei syn tiidrôvjende gearstalling oer oan syn freon [[Richard Rogers Bowker]], sadat hy wer oare dingen ûndernimme koe.
 
Stadichoan begûn de ynhâld te ferskowen nei ien dy't rjochte wie op in algemiener publyk, mei artikels en rubriken. Under it [[redakteur|haadredakteurskip]] fan [[Harry Thurston Peck]] waarden yn [[1895]] de earste [[bestseller]]listen opnommen, al waarden dy pas yn [[1917]] skifte yn aparte listen foar [[fiksje]] en [[non-fiksje]]. In grut diel fan 'e [[tweintichste ieuiuw]], mear as fjouwer desennia lang, stie ''Publishers Weekly'' ûnder lieding fan haadredakteur [[Frederic Gershom Melcher]], dy't yn it blêd romte frijmakke foar ynformaasje oer [[berneboek]]en. Pas yn 'e [[1940]]-er jierren waarden de earste [[boek]][[resinsje]]s yn it tydskift opnommen. Dy waarden stadichoan wichtiger, en foarmje hjoed de dei de haadmoat fan 'e ynhâld.
 
==Keppelings om utens==