Ried fan Fjouwerenfjirtich: ferskil tusken ferzjes

gjin bewurkingsgearfetting
(nije side)
 
No edit summary
 
==Skiednis==
As oerlisorgaan fan 'e opperhaden, dy't fierhinne ta de âlderein hearden, funksjonearre de Ried fan Fjouwerenfjirtich tradysjoneel njonken de Sjajinske [[krigersgenoatskip]]pen, lykas de [[Hûnskrigers]], dêr't de jongerein yn fertsjintwurdige wie. Geandewei de [[njoggentjinde ieuiuw]], neigeraden dat de [[jeropide ras|blanke]] kolonisten almar fierder it lân fan 'e Sjajinnen ynkrongen en stielen, ferlear de almeast freedsume Ried fan Fjouwerenfjirtich oan ynfloed wylst de folle radikalere krigersgenoatskippen machtiger waarden. Dy ûntwikkeling waard yn 'e hân wurke troch ferskate [[oarlochsmisdie|slachtings]] dy't de blanken ûnder de Sjajinske befolking oanrjochten, lykas it [[Bloedbad fan Sand Creek]], fan [[1864]]. Doe't stadichoan bliken die dat de Amerikanen harren neat gelegen lizze lieten oan 'e ferdraggen dy't se mei de opperhaden sletten hiene, betsjutte dat de deastek foar de macht fan 'e Ried fan Fjouwerenfjirtich.
 
==Gearstalling==
17.653

bewurkings