Tatoeaazje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
Tatoeëarjen komt út it gebiet fan 'e [[Stille Oseaan]], dêr't it û.m. tradysjoneel praktisearre waard troch de [[Maöary (folk)|Maöary]] fan [[Nij-Seelân]] en oare [[Polyneezje|Polynezyske]] [[folk]]en, en teffens troch de [[Dajaks]] fan [[Borneo]] en [[Melaneezje|Melanezyske]] folken as de [[Fidzjianen]]. De oarsprong fan it wurd 'tatoeaazje' is it [[Polynezyske talen|Polynezyske]] ''tatau'', dat "sekuer" of "ambachtlik" betsjut. It wie de [[Grut-Brittanje|Britske]] [[ûntdekkingsreizger]] [[James Cook]] dy't it wurd yn [[1769]], nei syn earste reis nei [[Tahity]], yn 'e [[Ingelsk]]e [[taal]] yntrodusearre, en út it Ingelsk fersprate it him oer alle oare talen fan [[Jeropa]]. Sa naam it [[Frânsk]] it oer út it Ingelsk, it [[Nederlânsk]] naam it (foarsjoen fan it Frânske [[suffiks]] ''-age'') oer út it Frânsk en it [[Frysk]] naam it wer oer út it Nederlânsk. It Ingelske wurd ''tattoo'' is eins in oerstallige werliening, mei't it Nederlânsk en Frysk dêr al in wurd foar hawwe.
 
Yn 'e Westerske [[kultuer]] wiene it oant yn 'e twadde helte fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] benammen [[seeman|seelju]] en [[soldaat|soldaten]] dy't harsels tatoeëarje lieten. Lang koe men jin yn sjike fermiddens eins net mei in tatoeaazje fertoane, om't der op delsjoen waard as wat minderweardichs of sels barbaarsk. Fan 'e [[1980]]-er jierren ôf binne tatoeaazjes lykwols frij algemien akseptearre rekke, en sjocht men fan ien of twa tatoeaazjes net mear op. Lju dy't har oer it hiele lichem of yn it [[gesicht]] tatoeëarje litte, kinne lykwols noch altyd rekkenje op beskate maatskiplike swierrichheden, dy't fuortkomme út de noch altyd stigmatisearjende wurking dy't soks hawwe kin.
 
==Soarten tatoeaazjes==