William Forbes Skene: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
Rigel 29:
Skene syn iere belangstelling foar de [[skiednis]] fan 'e [[Skotske Heechlannen]] resultearre yn [[1837]] yn syn earste grutte skiedkundige wurk, mei as titel ''The Highlanders of Scotland, Their Origin, History and Antiquities'' ("De Heechlanners fan Skotlân, Harren Oarsprong, Skiednis en Aldheid"). Yn [[1847]], ûnder de [[Heechlânske Jirperhongersneed]] ([[1846]]-[[1857]]) waard Skene oansteld as siktaris fan 'e Sintrale Rie foar Help oan de Heechlannen (''Central Board of Highland Relief''). Yn dy hoedanichheid wurke er nau gear mei sir [[Charles Edward Trevelyan]], de Britske ûnderminister fan Finânsjes.
 
Yn it moderne Skotlân wurdt de oantins oan Skene lykwols fral libben holden troch syn [[magnum opus]] ''Celtic Scotland: A History of Ancient Alban'' ("Keltysk Skotlân: In Skiednis fan it Alde Alba"). Dat wie in skiedkundich wurk oer de Skotske skiednis fan 'e [[Aldheid]] oant de [[Midsiuwen|Lette Midsiuwen]], dat tusken [[1876]] en [[1880]] yn fiif dielen ferskynde. It wurdt noch altyd beskôge as miskien wol de wichtichste bydrage oan 'e Skotske skiedskriuwing yn 'e hiele [[njoggentjinde iuw]]. Yn [[1879]] ûntfong Skene in [[doktoraat|masterskip]] yn 'e [[rjochten]] fan 'e [[Universiteit fan Oxford]], en yn [[1881]] waard er beneamd op 'e prestizjeuze post fan keninklik skiedskriuwer fan Skotlân. Skene wie fierders ek in aktyf en foaroansteand lid fan 'e [[Skotske Episkopaalske Tsjerke]], de (lytse) de Skotske ôfdieling fan 'e [[Anglikaanske Tsjerke]]. Hy stoar yn [[Edinburch]], yn [[1892]], yn 'e âlderdom fan 83 jier.
 
==Wichtichste wurken==