Anne Hathaway (Shakespeare): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 33:
 
===Houlikslibben===
Shakespeare en Hathaway krigen trije bern, [[Susanna Shakespeare|Susanna]] yn [[1583]] en de [[twilling]] [[Hamnet Shakespeare|Hamnet]] en [[Judith Shakespeare|Judith]] yn [[1585]]. Hamnet kaam te ferstjerren doe't er noch mar alve jier wie. Susanna en Judith trouden allebeide en krigen sels ek bern. Der wurdt gauris oannommen dat Shakespeare itsij fan it begjin ôf oan in hekel oan syn frou hie, of dat er dat meitiid krige, hoewol't dêr gjin bewiis foar fûn wurde kin yn harren briefkerij noch lykfolwêr oars. De oanlieding ta dizze oanname is dat Shakespeare frijwol syn hiele houlik yn [[Londen]] trochbrocht dêr't er as toanielskriuwer en akteur wurke, wylst Hathaway mei de bern efterbleau yn Stratford-upon-Avon. Neffens de [[santjinde ieuiuw|santjinde-ieuskeiuwske]] Ingelske [[skriuwer]] en [[filosoof]] [[John Aubrey]] kearde er lykwols elts jier in hoart werom nei hûs. En doe't er yn [[1613]] syn teäterkarriêre deroan joech, sette er him nei wenjen yn Stratford, by syn frou, ynstee fan yn Londen te bliuwen.
 
Yn syn testamint liet Shakespeare Hathaway beruchterwize mar ien ding nei, syn op ien nei bêste bêd mei byhearrend meubilêr. Frijwol al syn oare besittings fermakke er oan syn dochter Susanna en har manlike neikommelingen. It neilitten oan har fan it op ien nei bêste bêd is gauris opfette as in opsetlike mislediging fan Hathaway, en hat hiel wat trelit feroarsake ûnder Shakespeare-kenners. It is lykwols ek oppenearre dat it de bedoeling wie dat de bern nei Shakespeare syn dea foar harren mem soargje soene, wat yn dy tiid in frij gewoane regeling wie, en dat it "op ien nei bêste bêd" Shakespeare en Hathaway harren houliksbêd wie, mei't it yn 'e [[Elizabetaanske Tiid]] wenst wie om it bêste bêd te reservearjen foar útfanhûzers. Sa besjoen soe it testamint hielendal gjin mislediging foar Hathaway wêze. Boppedat binne der oanwizings dat Hathaway fan harsels finansjeel ûnder de pannen wie, en gjin beërf fan har man nedich wie.