Assiniboin (taal): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 14:
| ISO 639-3 = asb
}}
It '''Assiniboin''' ([[Ingelsk]]: ''Assiniboine'', útspr.: [ə'sɪniboin]; Assiniboin: ''A’ Moǧaž'', útspr.: [aʔ mo'ɣaʒ]) is de lânseigen [[taal]] fan 'e [[Assiniboin (folk)|Assiniboin]] (''Assiniboine''), in [[Yndianen|Yndiaansk]] folk fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] fan [[Noard-Amearika]]. It wurdt ek wol Nakota of Hohe neamd, al binne dat eins nammen foar it folk ynstee fan de taal. It Assiniboin wurdt noch sprutsen yn it middennoarden fan 'e [[Feriene Steaten]] en it middensuden fan [[Kanada]], mar it hat nearne offisjele status, noch genietet it erkenning. It is sûnt de ein fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] mei it gebrûk fan 'e taal slim yn it neigean rekke, en hjoed de dei binne der noch mar sa'n 150 sprekkers, wêrfan't de measten âlder binne as fjirtich jier. Prosintueel sjoen komt it tal sprekkers op net mear as 1,6% fan 'e totale [[etnyske groep]]. Dêrmei is it Assiniboin slim yn syn fuortbestean bedrige.
 
==Taalbesibskip==
It Assiniboin is nau besibbe oan it [[Stony (taal)|Stony]], wêrmei't it de [[Assiniboin-Stony]]-kloft binnen de [[Dakotaanske talen]] foarmet. It Stony is oarspronklik út it Assiniboin fuortkommen, mar tsjintwurdich binne de beide talen net mear ûnderling fersteanber. It Assiniboin sels hat him likernôch healwei de [[santjinde ieuiuw]] ôfspjalten fan it [[Sû (taal)|Sû]] (''Sioux''), dat de oare tûke fan 'e Dakotaanske talen foarmet. De Dakotaanske taalkloft is wer ûnderdiel fan 'e gruttere [[Sûaanske talen|Sûaanske taalfamylje]]. Hjirûnder foar de dúdlikheid in lyts oersjoch fan 'e bredere Dakotaanske taalgroep, mei alle synonimen derby jûn.
 
* [[Dakotaanske talen]]