August Allebé: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
dien
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
 
== Wurkpaad ==
Allebé studearre oan de [[Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten]] yn Amsterdam. Hy wie dêr heechlearaar fuort nei de oprjochting yn 1880 en fan 1890 oant 1906 direkteur. Syn oeuvre befettet portretten, [[stillibben]]s en lânskippen. Krekt as in protte oare skilders yn dy tiid wurke er in skoft op it plattelân, yn syn gefal yn [[Dongen (plak)|Dongen]], yn de jierren sechtich fan de njoggentjinde ieuiuw. Allebé syn ier wurk wie fral [[romantyk (streaming)|romantysk]], mar letter gie er oer op in mear [[Realisme (keunststreaming)|realistyske]] styl. Syn wurk is fan in goede kwaliteit, mar net sa bekend. Syn namme hat mear klank fan syn funksjes oan de Ryksakademy.
 
Allebé hie as dosint in wichtige ynfloed op de skilders fan de saneamde [[Amsterdamsk Ympresjonisme | Amsterdamske Skoalle]]. Ta syn learlingen wurde ûnder oaren [[Jan Voerman (1857-1941)|Jan Voerman]], [[Antoon Derkinderen]], [[Jan Veth]], [[Jan Sluijters]], [[Jan Toorop]], [[Richard Roland Holst]], [[Jan Tiele]] en [[Lizzy Ansingh]] rekkene. Ek [[Piet Mondriaan|Mondriaan]] hat oan de Ryksakademy studearre doe't Allebé dêr direkteur wie. Fierders wiene der keunstners dy't nei harren ôfstudearjen les by him namen, lykas [[Suze Robertson]] en [[George Hendrik Breitner|George Breitner]]. Ek yllustratoaren studearren by Allebé, ûnder oaren [[Johan Braakensiek]], [[Cornelis Jetses]] en [[Tjeerd Bottema]]. Hy hie in soad kunde yn keunstfermiddens, bygelyks mei de ''[[Amsterdamse Joffers]].''