Australoïde ras: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[File:Veddah.jpg|right|thumb|100px|In [[Wedda's|Wedda]]-man út [[Sry Lanka]].]]
It '''australoïde ras''' is in brede [[ras (klassifikaasje fan minsken)|rasiale yndieling]] dy't foar it earst yn 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] brûkt waard om in ûnderras oan te jaan fan it [[negroïde ras]], as ûnderdiel fan in no fierhinne efterhelle klassifikaasjesysteem op grûn fan lichaamlike skaaimerken dat fral yn 'e njoggentjinde en de iere [[tweintichste ieuiuw]] frij algemien yn gebrûk wie. It wurd "australoïde" kombinearret de stam "australis", of mooglik "Austraalje", beide mei de betsjutting "súd", mei de útgong "-oïde", dy't "lykjend op" betsjut.
 
Yn it oangeande klassifikaasjemodel waarden ûnder de oerkoepeljende term "australoïde", yn 'e breedste sin fan dat wurd, alle swarte befolkingsgroepen bûten [[Afrika]], útsein de [[Dravidiërs]] fan [[Yndia|Súd-Yndia]], op in bulte smiten. Dêrby gie it om 'e [[Wedda's]] fan [[Sry Lanka]]; de lânseigen befolking fan 'e [[Andamanen]], yn 'e [[Golf fan Bengalen]]; de [[Negrito's|Negrito]]-folken fan [[Súdeast-Aazje]], de [[Papoea's]] fan [[Nij-Guineä]] en omlizzende eilannen; de [[Melaneezje|Melaneziërs]] fan 'e westlike [[Stille Oseaan]]; en de [[Australyske Aboriginals|Aboriginals]] fan [[Austraalje (lân)|Austraalje]]. Soms waarden sels de [[Ainû (folk)|Ainû]] fan [[Japan]] derta rekkene. Yn 'e ingere sin fan it wurd waarden allinnich de Australyske Aboriginals en de Papoea's ta it australoïde ras rekkene.