Buro fan Yndiaanske Saken: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 20:
[[File:Ely S. Parker.jpg|left|thumb|200px|Generaal [[Ely S. Parker]], of Donehogawa, in [[Seneka (folk)|Seneka]]-Yndiaan en de earste Yndiaanske kommissaris fan Yndiaanske Saken ([[1869]]-[[1871]]).]]
 
Yn 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] foarme it BIA eins it kommunikaasjekanaal fan it federale regear yn [[Washington, D.C.]] mei de ûnderskate Yndiaanske folken oan 'e [[Amerikaanske frontier|foargrins fan 'e beskaving]]. Om't it buro diel útmakke fan deselde oerheid dy't de Yndianen harren lân ôfnimme en harrensels "beskave" woe, wie it mar komselden de ûnôfhinklike skiedsrjochter tusken de Yndianen en de blanke kolonisten dy't it hiet te wêzen. Krektoarsom, it BIA kaam meitiid ûnder de Yndianen en harren blanke sympatisanten op in tige minne namme te lizzen fanwegen alderhanne kontroversjeel belied en in ûnbidigen [[korrupsje]] ûnder syn wurknimmers, dy't bygelyks mei oerheidsjild it goedkeapste iten kochten dat der te krijen wie om oan 'e yn ferdraggen fêstleine rantsoenen foar de Yndianen te foldwaan en it jild dat se dêrmei útsparren yn eigen bûse stieken. Dy praktyk wie foar in part debet oan 'e hongersneed dy't der yn it lêste fearn fan 'e njoggentjinde ieuiuw bytiden yn 'e reservaten hearske.
 
Ien fan 'e meast kontroversjele beliedspunten fan it BIA, dy't by de Yndianen de hollen noch geregeldwei hjit makket, wie de praktyk yn it lêst fan 'e njoggentjinde en it grutste part fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] om Yndiaanske bern by harren âldelju wei te heljen en harren te ûnderwizen yn ynternaten. Isolearre fan 'e eigen kultuer koene se dêr makliker assimilearre wurde, wie it iepentlik opfierde idee dêrefter. Yn 'e ynternaten lei de klam op ferboaden: de eigen [[taal|talen]] mochten nea of te ninter sprutsen wurde, kulturele praktiken waarden útband, en as men murk dat der oan 'e eigen [[godheid|goaden]] bidden waard, ynstee fan oan 'e [[kristendom|kristlike]] [[God]], dan krigen de bern in wan bruien oant se dat lieten. Sok dwaan leit oan 'e grûnslach fan it grutte ferlies oan kultuer dat de Amerikaanske Yndianen yn 'e tweintichste ieuiuw te ferwurkjen krigen, en is fierhinne skuldich oan it útstjerren, of it op it rântsje fan it útstjerren bringen, fan withoefolle Yndiaanske talen.
[[File:Bia-sit-in.jpg|right|thumb|200px|In demonstraasje fan leden fan 'e ''National Indian Youth Council'' foar it kantoar fan it BIA yn [[Denver]], yn [[1970]].]]