Crow Creek Yndianereservaat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L + better kaartsje
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 33:
 
==Hjoed de dei==
It Crow Creek Reservaat omfiemet beskate leech leine lokaasjes oan 'e kant fan 'e Missoury dêr't de [[Mandan (folk)|Mandan]], [[Hidatsa (folk)|Hidatsa]] en oare folken yn 'e [[achttjinde ieuiuw]] sedintêre doarpen bewennen en lânbou bedreaune, foar't se yn 'e jierren [[1772]]-[[1780]] foar trijefearn útroege waarden troch in [[pokken|pokke]]-[[epidemy]], en har lân ynnommen waard troch de Sû. Hjoed oan 'e dei binne ferskaten fan dy doarpen [[argeology]]ske fynplakken, al is in protte fan it leechst leine lân ferlern gien doe't it [[Korps Sjeny fan it Amerikaanske Leger]] yn [[1959]]-[[1963]] de Big Bend-keardaam oanlei en in wichtich part fan it reservaat sadwaande ûnder it wetter strûpte fan it Big Bend Reservoir (ek wol Lake Sharpe neamd). Dêrfoar wie it sels nedich dat Fort Thompson en guon lytsere delsettings ferpleatst waarden nei hegere grûn, en de dochs al net florissante [[ekonomy]]ske omstannichheden yn it reservaat waarden der allinnich mar minder op.
 
Tsjintwurdich wurdt it grutste part fan it reservaat pachte troch in pear famyljes dy't grutte ''ranches'' (feepleatsen) besitte. De wurkleazens is heech en de earmoede grut, ek al hat de stamme yn it reservaat, dat bûten it Súddakotaanske steatsferbod op [[gokken]] falt, in eigen [[kasino]] sette litten (it ''Lode Star Casino and Hotel''), dat, yn 'e mande mei de argeologyske fynplakken en it boatsjefarren en angeljen op Lake Sharpe, in protte [[toerisme|toeristen]] lûkt.