Dan Quayle: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
"DanQualyeBust.jpg" is op Commons fuorthelle Jameslwoodward om't: Per c:Commons:Deletion requests/File:DanQualyeBust.jpg.
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 41:
 
 
In ferneamd wurden foarfal fûn plak ûnder de presidintskampanje fan [[1988]], doe't Quayle yn in debat mei de Demokratyske fise-presidintskandidaat [[Lloyd Bentsen]] syn eigen politike karriêre ferlike mei dy fan [[John F. Kennedy]]. Bentsen reägearre mei de legindarysk wurden: ''"Senator, jo binne gjin Jack Kennedy."'' Oer de [[Holokaust]] sei Quayle: ''"De Holokaust wie in obsene perioade yn 'e skiednis fan ús lân... Nee, net fan ús lân, mar yn 'e Twadde Wrâldoarloch. Ik bedoel, we libje allegear yn dizze ieuiuw. Ik libbe net yn dizze ieuiuw, mar yn 'e skiednis fan dizze ieuiuw."'' Oer himsels bewearde er: ''"Ik haw yn it ferline goede ôfweagings makke en ik haw yn 'e takomst goede ôfweagings makke."'' By in taspraak foar it ''[[United Negro College Fund]]'', in organisaasje dy't him ynset foar heger ûnderwiis foar kânsearme [[negroïde ras|swarte]] jongerein, en dy't as [[biedwurd]] hat "It is sonde om in goed ferstân te fergriemen", sei Quayle: ''"Nim no it idee fan it UNCF, hoe'n sonde oft it is om jins ferstân te ferliezen of dat gjin ferstân te hawwen sa freeslik fergriemend is. Wat is dat in wier wurd."''
 
Oer in bemanne [[romtefeart|romteflecht]] nei [[Mars (planeet)|Mars]] makke er in hiele rige foute útspraken efterinoar: ''"Mars is yn prinsipe yn deselde baan om 'e sinne [as de Ierde] ''[...]'' Mars befynt him op likernôch deselde ôfstân fan 'e sinne ôf, wat tige wichtich is. We hawwe foto's sjoen dêr't kanalen op steane, tinke wy, en wetter. As der wetter is, betsjut dat dat der soerstof is. En as der soerstof is, betsjut dat dat we der sykhelje kinne."'' (Mars is nèt yn deselde baan om 'e [[sinne]], en befynt him dus ek net op deselde ôfstân fan 'e sinne; in [[kanaal]] is in troch minsken groeven wetterwei – wat er bedoelde wie "rivierbêden"; [[wetter]] stie net op 'e foto's; as der al wetter is, hoecht dat hielendal net te betsjutten dat der ek [[soerstof]] is, en as der soerstof is, kin it bêst wêze dat minsken der dochs net sykhelje kinne.)