De Stoarm: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 26:
| ISBN oers. =
}}
'''''De Stoarm''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''The Tempest''''', is in [[toanielstik]] fan 'e hân fan 'e wiidferneamde [[Ingelân|Ingelske]] [[skriuwer]] en [[dichter]] [[William Shakespeare]]. It is in [[komeedzje]] dy't it ferhaal fertelt fan Prospero, de wiere hartoch fan [[Milaan]], dy't syn tsjoenderskeunsten ynset om syn broer Antonio, in [[usurpator]], de hartochstroan te ûntnaderjen en syn dochter Miranda oan it regear te krijen. Men is fan tinken dat ''De Stoarm'' skreaun wêze moat yn [[1610]] of [[1611]], en it waard foar it earst publisearre as ûnderdiel fan 'e ''[[First Folio]]'', yn [[1623]]. ''De Stoarm'' wie by Shakespeare syn libben ien fan syn minder súksesfolle stikken, krige pas nei de [[Restauraasje fan it Hûs Stuart|Restauraasje]] ([[1659]]) bekendheid (en dàt noch fral yn adaptearre foarmen), en waard pas fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] ôf populêr. Tsjintwurdich wurdt it beskôge as ien fan Shakespeare syn grutste wurken, en is it adaptearre ta in ferskaat oan oare media, lykas [[klassike muzyk]]stikken, lieten, [[opera|opera's]] (mar leafst 46 ferskillende), [[ballet]]opfierings, [[literatuer]] (sawol [[poëzij]] as [[roman]]s), [[skilderij]]en en [[film]]s. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Douwe Kalma]] ferskynde yn [[1963]].
[[Ofbyld:Angelica Kauffmann 007.jpg|thumb|left|250px|''Miranda en Ferdinand'', skildere troch [[Angelica Kauffmann]] ([[1782]]).]]