Dick Cheney: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 35:
== Libben ==
=== Jonkheid en oplieding ===
Cheney waard yn [[1941]] berne yn [[Lincoln (Nebraska)|Lincoln]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Nebraska]], as ien fan 'e trije bern fan Richard Herbert Cheney, in wurknimmer fan it [[Amerikaansk Ministearje fan Lânbou|Amerikaanske Ministearje fan Lânbou]] op it mêd fan grûnbehâld (d.w.s it tsjingean fan [[grûneroazje]]), en Marjorie Lorraine Dickey, dy't yn 'e 1930-er jierren in ferneamd [[softbal]]spylster wie. Cheney syn foarfaar William Cheney ymmigrearre yn 'e [[santjinde ieuiuw]] fan [[Ingelân]] nei [[Massachusetts]], en hy is in fiere neef fan twa [[Demokratyske Partij (Feriene Steaten)|Demokratyske]] presidinten fan 'e Feriene Steaten, [[Harry Truman]] en [[Barack Obama]], dy't mei him in foarmem gemien hawwe yn Mareen Duvall, in [[hugenoaten|hugenoate]] dy't yn 'e santjinde ieuiuw [[Frankryk]] ûntflechte en har earst yn Ingelân en letter yn [[Marylân]] nei wenjen sette.
 
Syn bernetiid brocht Cheney foar it grutste part troch yn [[Sumner (Nebraska)|Sumner]], yn Nebraska. Doe't er in jier as tsien wie, ferhuze it gesin nei [[Casper (Wyoming)|Casper]], yn 'e steat [[Wyoming]], dêr't er de middelbere skoalle folge. Neitiid studearre er oan 'e prestizjeuze [[Universiteit fan Yale]], yn [[New Haven (Konnetikut)|New Haven]], mar fanwegen oanpassingsswierrichheden briek er dêr twaris syn stúdzje ôf. Letter learde er fierder oan 'e [[Universiteit fan Wyoming]], te [[Laramie (Wyoming)|Laramie]], dêr't er in bachelors- en in masterstitel yn [[politikology]] behelle. Dêrnei sette er útein mei in doktoraalstúdzje oan 'e [[Universiteit fan Wiskonsin]] te [[Madison (Wiskonsin)|Madison]], mar makke dy net ôf. Hy waard oproppen foar militêre tsjinst (ûnder de [[Fjetnamoarloch]] wie yn Amearika de [[tsjinstplicht]] fan krêft), mar frege fiif kear útstel oan. Doe't him dêr yn in fraachpetear yn [[1989]] nei frege waard, antwurde er: ''"Ik hie yn 'e jierren sechstich oare prioriteiten as militêre tsjinst."''