Fammesuveringsmyte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
De '''fammesuveringsmyte''' of yn it [[Ingelsk]] de '''''virgin cleansing myth''''' is it ûnwiere leauwe dat in man dy't ynfektearre rekke is mei [[HIV]], [[AIDS]] of in oare [[seksueel oerdraachbere sykte]] genêzen wurde kin troch [[seksuële mienskip]] te hawwen mei in famke dat noch faam is. Dizze myte libbet yn beskate dielen fan [[Afrika]], benammen yn [[Súd-Afrika]] en [[Simbabwe]], en yn mindere mjitte yn [[Sambia]] en [[Nigearia]]. It is ûnbekend hoe't men by dit fabeltsje komt, mar it is in feit dat der allinnich yn Súd-Afrika al miljoenen mannen binne dy't it leauwe, wylst it yn it oanswettende Simbabwe geande holden wurdt troch tradysjonele genêzers dy't sike manlju soks wiismeitsje, itsij om't hja it sels leauwe, itsij om har eigen macht en oansjen te fergrutsjen. Ut in ûndersyk dat yn [[1999]] troch seksueel foarljochters holden waard ûnder de manlike befolking fan 'e provinsje [[Gauteng]] (de tichtbefolke krite om 'e metropoal [[Jehannesburch]] hinne, it [[ekonomy]]sk sintrum fan Súd-Afrika), die bliken dat 32% fan 'e dielnimmers oan it ûndersyk yn 'e fammesuveringsmyte leauden.
 
Neffens [[psycholooch]] [[Mike Earl-Taylor]] giet de myte werom op in leauwe dat foar it earst yn it [[Jeropa]] fan 'e [[sechstjinde ieuiuw]] de kop opstiek, en dat fannijs yn it [[njoggentjinde ieuiuw|njoggentjinde-ieuskeiuwske]] [[Viktoriaanske tiid|Fiktoriaanske]] [[Ingelân]] opdoek as in genêswize foar [[syfilis]] en [[gonorroe]]. Der binne ferslaggen fan 'e farianten fan 'e myte út ferskate tiden yn Afrika besuden de [[Sahara]], [[Aazje]], Jeropa en [[Noard-Amearika|Noard-]] en [[Súd-Amearika]]. [[Histoarikus]] [[Hanne Blank]] tinkt dat it ferhaaltsje mooglik fuortkomt út 'e [[leginde]]n oer [[kristendom|kristlike]] fammen dy't de [[martelder|marteldea]] stoaren, en wa harren bloed oft sa suver wie dat it tsjinje koe as in foarm fan beskerming as foarfjochters fan 'e Tsjerke it tsjin [[demon|demoanen]] opnommen.
 
Hoe't it ek sij, de fammesuveringsmyte wurdt rûnom oanwiisd as ien fan 'e wichtichste oarsaken fan 'e ûnbidige en skokkende taname fan it oantal gefallen fan [[berneferkrêfting]] yn Súd-Afrika, Simbabwe en oare lannen sûnt likernôch [[1990]]. Men tinkt dat der bgl. yn Simbabwe tsien jonge famkes deis [[ferkrêfting|ferkrêfte]] wurde as gefolch fan 'e myte. Dêrby wurde, krekt as yn Súd-Afrika, beukers, pjutten en sels poppen net ûntsjoen. Der wurdt rûsd dat hjirtroch yn Simbabwe allinnich al 3.600 jonge famkes jiers mei HIV of AIDS besmet reitsje. Mar noch ôfsjoen fan it besmettingsgefaar wurde de jonge bern ûnder de ferkrêfting faak slim, soms sels libbensbedriigjend ferwûne.