FBI: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
No edit summary |
No edit summary |
||
Rigel 20:
[[File:Hoover-JEdgar-LOC.jpg|left|thumb|200px|[[J. Edgar Hoover]], FBI-direkteur fan [[1924]] oant [[1972]], dy't as gjin oar syn stimpel op 'e FBI drukte.]]
Fierwei de wichtichste en ynfloedrykste direkteur fan 'e FBI wie [[J. Edgar Hoover]], dy't krapoan in heale
Yn 'e fjirtiger jierren (en trochrinnend oant de santiger jierren) wie de FBI ek djip behelle yn it ûndersyk nei [[spionaazje]] yn 'e Feriene Steaten. Under de [[Twadde Wrâldoarloch]] waarden acht [[nazy]]-aginten pakt (wêrfan't seis terjochtsteld waarden), en ûnder de [[Kâlde Oarloch]] wie de FBI mei de [[Grut-Brittanje|Britske]] geheime tsjinst belutsen by it brekken fan 'e koades fan 'e diplomatike en feilichheidstsjinsten fan 'e [[Sovjet-Uny]] (in projekt wêrfan't Hoover oant [[1952]] "fergeat" de Amerikaanske bûtenlânske feilichheidstsjinst [[CIA]] oer yn te ljochtsjen). De ûntmaskering fan Sovjet-spionnen yn 'e Feriene Steaten, lykas [[Rudolf Abel]], yn [[1957]], bea Hoover in ferlechje om syn libbenslange obsesje mei linkse Amerikanen út te túljen yn in langjierrich ûndersyk nei û.o. de [[Amerikaanske Kommunistyske Partij]] (CPUSA) en de fakbûnen.
|