Geslacht (sekse): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 17:
By guon minsken komt it [[biology]]ske of [[genetika|genetyske]] geslacht net oerien mei har [[psychology]]ske identiteit. Sokke lju binne [[transseksualiteit|transseksuëlen]] (hoewol't de [[Ingelsk]]e term ''transgender'' tsjintwurdich almar mear yn gebrûk komt).
 
Ferskillende [[kultuer]]en hawwe faak har eigen spesifike stelsel fan noarmen en wearden dêr't de leden fan 'e ûnderskate geslachten har neffens hâlde en drage moatte. Sa wie it yn it Westen foarhinne sa dat froulju [[jurk]]en of [[rok]]ken droegen en manlju [[broek]]en. Fierders soarge de man foar it ynkommen, wylst de frou de húshâlding beävensearre en de bern grutbrocht. Sûnt de definitive trochbraak fan it [[feminisme]], yn 'e sechstiger en santiger jierren fan 'e [[tweintichste ieuiuw]], is dat net mear sa. Mar yn oare kultueren besteane soksoarte strikte ferskillen faak noch wol deeglik.
 
Dêrby komt noch dat men ek mei jins wetlike geslacht te krijen hat. Dat is it geslacht dat fêstlein wurdt yn jins [[berte-akte]], en dat letter tige by tige dreech is om feroare te krijen (yn in protte lannen sels ûnmooglik). It wetlike geslacht kin fan ynfloed wêze op jins [[houlik]]s- en [[adopsje]]rjocht, it ferfoljen fan 'e [[tsjinstplicht]] en de [[erfskip]]swetjouwing. De measte lannen kenne mar twa wetlike geslachten: man en frou. Guon lannen lykwols, hawwe noch in trêde geslacht, foar minsken dy't har noch man, noch frou fiele. Sokke lannen binne [[Austraalje (lân)|Austraalje]], [[Banglades]], [[Yndia]], [[Nepal]], [[Nij-Seelân]] en [[Pakistan]].