Keninginne Sjarlotte-eilannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 9:
 
==Demografy en skiednis==
Neffens gegevens út [[2008]] hiene de Haida Gwaii-eilannen doe krapoan 4.800 ynwenners, wat in befolkingstichtens opsmiet fan 0,5 minsken de km². Likernôch 70% fan 'e befolking bestiet út 'e lânseigen [[Haida (folk)|Haida]], dy't de eilannen ek al bewennen foar de komst fan 'e earste [[Jeropeänen]]. Dat wiene de leden fan 'e ekspedysje fan 'e [[Spanje|Spaanske]] [[ûntdekkingsreizger]] [[Juan José Pérez Hernández|Juan Pérez]], yn [[1774]]. De earste [[Grut-Brittanje|Brit]] dy't op 'e eilannen foet oan lân sette, wie [[James Cook]], yn [[1778]]. De Haida lieten doedestiden net mei har spotte, en yn [[1794]] kaapten se twa Jeropeeske skippen, de ''Ino'' en de ''Resolution'', dy't se neitiid ta sinken brochten. Harren befolking op 'e eilannen waard doedestiden rûze op sa'n 10.000, mar yn 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] waarden se slim troffen troch ferskate grutte [[epidemy]]en fan 'e [[pokken]] en oare útlânske sykten, dêr't se gjin [[ymmúnsysteem|ymmuniteit]] tsjin hiene, sadat se slim yn oantal belunen.
 
De Haida Gwaii-eilannen wiene yn 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] wichtich foar de lukrative hannel yn [[see-otter]]pelzen, en behalven de Spanjerts en de Britten makken ek de Amerikanen oanspraak op 'e arsjipel. Alle Spaanske bemuoienissen stoppen doe't [[Meksiko]] yn [[1821]] ûnôfhinklik waard. By in ferdrach út [[1846]] joegen de Amerikanen harren oanspraken op. Nei't der troch de [[Goudkoarts fan Moresby]], yn [[1851]], in grutte befolkingsgroei plakfûn hie, foarmen de Keninginne Sjarlotte-eilannen fanôf [[1853]] in aparte Britske koloanje, mar yn [[1863]] gie dy op yn it gruttere [[Britsk-Kolumbia]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=