Katakombe: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata) - The interwiki article is not featured
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
 
== Algemien ==
Katakomben besteane faak út yngewikkelde gongestelsels en kinne foege [[doalhôf|labyrinten]] wêze. Sy binne troch minsken makke om har te ferskûljen as om deaden by te setten. De wanden hawwe faak ienfâldige grêfnissen dy't ''loculi'' neamd wurde en dy't ôfsletten waarden mei in plaat fan terrakotta as moarmer. Rikere famyljes hiene faak ryklik fersierde eigen grêfkeamers. Der binne katakombes yn ûnder oaren Rome, [[Napels (stêd)|Napels]], [[Sicilië]], [[Malta]] en Noard-Afrika, ûnder mear yn [[Cyrene (stêd)|Cyrene]]. Letter ieuweniuwen waarden ek oare ûnderierdske tsjerkôven en [[ossuarium]]s as katakomben oantsjut, lykas dy yn [[Parys]] en Valkenburg. Katakomben binne ek brûkt as skûlplak yn oarloggen, as skûlplak foar smokkelders en as moetingsplak foar kultoanhingers.
 
== Rome ==
De katacomben fan [[Rome (stêd)|Rome]] binne antike tunnelstelsels mei ûnderierdske grêven ûnder en yn de omkriten fan Rome. Der binne teminsten fjirtich, wêr't guon fan earst yn de twadde helte fan de tweintichste ieuiuw ûntdutsen binne. Sy binne fral bekend as de grêven fan de earste kristenen dêre, mar der binne ek Romeinske en [[Joadendom|joadske]] grêven ûnder, soms yn aparte katakomben, mar ek meiïnoar.
 
Meidat de kristenen yn Rome yn de twadde ieuiuw ferfolge waarden, sochten sy nei in manier om harren deaden yn it geheim begrave te kinnen. De ûndergrûn fan Rome bestiet út sêfte [[dowestien]], dat it wie frij maklik om dêryn tunnels te meitsjen, wylst it stientme ferhurdet at it mei de lucht yn kontakt komt. In protte tunnels binne kilometers lang en kinne wol trjie ferdjippings hawwe.
 
== Valkenburg oan de Geul==