Koerilen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[File:Demis-kurils-russian names.png|right|thumb|300px|De Koerilen, mei yn read de (ferskowende) feitlike grins tusken [[Ruslân]] en [[Japan]].]]
De '''Koerilen''', ek wol stavere as '''Kûrilen''' en '''Kurilen''' ([[Japansk]]: クリル列島, ''Kuriru-rettō''; [[Russysk]]: Курильские Острова, ''Kuriljskije Ostrova''), binne in [[fulkaan|fulkanyske]] [[arsjipel|eilannegroep]] yn 'e foarm fan in keatling dy't him útstrekt oer in lingte fan likernôch 1.300 km, fan it [[Ruslân|Russyske]] [[skiereilân]] [[Kamtsjatka (skiereilân)|Kamtsjatka]], yn it [[Fiere Easten]] fan [[Sibearje]], oant it noardlike [[Japan]]ske [[eilân]] [[Hokkaido]]. De arsjipel bestiet út 56 eilannen en withoefolle lytsere, boppe de weagen útstekkende rotsen, mei in mienskiplik oerflak fan 10.503,2 km². Mei-inoar foarmet de eilannekeatling de skieding tusken de noardlike [[Stille Oseaan]] yn it easten en de [[See fan Ochotsk]] yn it westen. Om it besit fan 'e Koerilen wurdt al seker oardel ieuiuw tsierd troch Ruslân en Japan.
 
==Skiednis==
De oarspronklike bewenners fan 'e Koerilen binne de [[Ainû (folk)|Ainû]], en de eilannen binne feitliks nei dat folk neamd, mei't ''kur'' yn it pleatslike [[Ainû (taal)|Ainû]]-[[dialekt]] "man" betsjut (wat dus de selsoantsjutting fan 'e eilânbewenners wie). Der binne frijwol gjin ferslaggen oer de eilannen dy't datearje fan foàr de [[santjinde ieuiuw]], dat it is net mear nei te gean wannear't de Ainû har op 'e Koerilen nei wenjen set hawwe.
 
De earste [[Japanners]] lykje de eilannen om [[1640]] hinne besocht te hawwen, en yn 'e [[achttjinde ieuiuw]] waarden de Koerilen yn namme by it Japanske keizerryk foege. It Russyske Ryk begûn yn dyselde snuorje foar it earst belangstelling foar de eilannen te toanen, al gie it dêrby yn 't earstoan fral om 'e lukrative jacht op [[see-otter]]s. Healwei de achttjinde ieuiuw hiene Russyske pelsjagers op 'e measte eilannen delsettings stifte, wylst de súdlikste eilannen, fanôf [[Iturup]], beset wiene troch troepen fan it [[Tokugawa-dynasty|Tokugawa-sjogûnaat]].
[[File:Shikotan.jpg|left|thumb|250px|De haaddelsetting op it eilân [[Shikotan]], mei de [[Ruslân|Russyske]] flagge.]]