Koreaansk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 14:
| ISO 639-3 = kor
}}
It '''Koreaansk''' (Koreaansk (Súd-Koreä): 한국어, ''Hangugeo'', of (Noard-Koreä): 조선말, ''Chosŏnmal'') is de offisjele taal fan [[Súd-Koreä]], [[Noard-Koreä]] en, njonken it [[Sineesk]], teffens fan 'e [[Koreaanske Autonome Prefektuer Yanbian]], yn noardeastlik [[Sina]]. Wrâldwiid wurdt it sprutsen troch likernôch 78 mijoen minsken. It is oerlevere fan 'e [[fjirde ieuiuw]] ôf yn it [[Sineesk skrift|Sineeske skrift]], oanfolle troch guon [[fonetyk|fonetyske skriftfoarmen]] (''[[hyangchal]]'', ''[[gugyeol]]'' en ''[[idu]]''), en fan [[1443]] ôf yn it lânseigen [[hangûl|hangûl-skrift]], al waard dat pas yn 'e [[tweintichste ieuiuw]] foar algemien gebrûk ynfierd, mei't de Koreaanske adel de foarkar joech oan Sineeske [[karakter (letterteken)|karakters]].
 
De measte [[taalkundige]]n klassifisearje it Koreaansk as in [[isolearre taal]], al bestiet der in kontroversjele teory dy't it besiket yn it passen yn 'e [[Altayske talen|Altayske]] [[taalfamylje]]. Dêrby moat oantekene wurde dat it [[Djedjûaansk]], dat op it grutte eilân [[Djedjû]] (of Jeju), yn 'e [[Japanske See]], sprutsen wurdt, safier fan it Standertkoreaansk ôf stiet dat it eins as in selsstannige taal beskôge wurde moat, ek al sjocht it Súdkoreaanske regear it simpelwei as in [[dialekt]]. It Koreaansk hat in [[agglutinaasje (taalkunde)|agglutinearjende]] [[morfology]], wat betsjut dat it bykommende begripen in soad as foar-, tusken- en efterheaksels yntegrearret yn it haadbegryp.