Krústocht yn Spikerbroek: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
ynfoboks |
No edit summary |
||
Rigel 31:
Dolf Wega is in jonge fan fyftjin dy't him as frijwilliger oanmeldt foar in eksperimint mei in [[tiidmasine]]. It eksperimint mislearret lykwols, en Dolf strânet yn 'e [[Dútslân|Dútske]] stêd [[Spiers]], yn it jier [[1212]]. Hy slút him oan by de bernekrústocht dy't dêr foarby komt. Dy wurdt laat troch de hoedersjonge Nikolaas, dy't nei't er sels leaut troch God útkard is om in hillich berneleger nei [[Jeruzalim]] ta te lieden. As hja by [[Genua]] oan 'e kust komme sille, sa mient er, sil de [[Middellânske See]] foar him spjalte krekt sa't de [[Skelfsee]] dat die foar [[Mozes]], en dan sil er de bern oer de seeboaium nei it [[Hillige Lân]] ta liede, dêr't de [[Sarasenen]] foar harren ûnskuld op 'e flecht slaan sille.
Dolf leat dêr neat fan, mar hy hat mei de bern te dwaan, en wit Nikolaas en dy syn beide liedsju, de [[mûnts]]en Anselmus en Jehannes, te bepraten om 'e krústocht better te organisearjen. Dêrmei wit er in [[reafûnk]][[epidemy]] safolle mooglik te beheinen, en de bern by [[Rottweil]] fan 'e hongerdea te rêden. Mei syn [[tweintichste
{{Plotbedjer}}
Lykwols is Dolf syn posysje yn 'e krústocht tsjin dy tiid o sa wif wurden, mei't Nikolaas him as in bedriging foar syn eigen liederskip sjocht, en Anselmus en Jehannes in jonge dy't krekt wat téfolle wit en net yn harren mearke oer de befrijing fan Jeruzalim leauwe wol, leaver kwyt as ryk binne. Fral Anselmus wurdt in fijân fan Dolf.
|