Leafwâld: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nedige side
 
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
In leafwâld hat in groeiseizoen fan 4 oant 6 moannen. Yn 'e beammen libje fral [[fûgels]], [[ynsekten]] en [[kjifdieren]], wylst de wâldboaiem ek gaadlik is foar gruttere [[sûchdieren]], sawol [[plante-iter]]s as [[rôfdier]]en. Op iepen plakken yn it wâld groeit net inkeld leafferliezend [[strewelleguod]], mar ek lytsere [[planten]], lykas [[gers|gerzen]], [[krûd (plant)|krûden]] en [[blom]]men. Mei't dy ljocht brek binne dat yn it wâld sels troch it blêdetek fan 'e beammen tsjinholden wurdt, sille dy op 'e eigentlike wâldboaiem allinnich oan 'e ein fan 'e [[winter]] en yn 'e iere [[maityd]] foarkomme, as de beammen noch gjin blêdt hawwe. De grûn fan in leafwâld bestiet út in fiedingsrike [[humus]]laach, dy't ûntstiet troch it ferrottingsproses fan 'e blêden dy't dêr hjerstmis delfalle.
 
Yn [[Nederlân]] binne de measte bosken leafwâlden. [[Nullewâld]] komt wol foar, mar liedt hjir troch de te waarme temperatuer mar in sieltôgjend bestean. Dêrby moat oantekene wurde dat alle bosken yn Nederlân kultuerbosken binne, dy't troch de [[minske]] oanplante binne en faak ek ûnderholden wurde. It lêste stikje [[oerwâld]] yn Nederlân, op 'e [[Feluwe]], waard oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] kappe.
 
{{boarnen|boarnefernijing=