Mobile (Alabama): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 26:
 
== Skiednis ==
Mobile ûntlient syn namme oan 'e [[Mobiil (folk)|Mobiil]]-[[Yndianen]], dy't om 'e [[Baai fan Mobile]] hinne wennen doe't it gebiet oan it begjin fan 'e [[achttjinde ieuiuw]] troch de [[Frankryk|Frânsen]] [[kolonisaasje|kolonisearre]] waard. De delsetting Mobile waard yn [[1702]] stifte ûnder de namme Fort Louis de la Louisiane, en wie it earste haadplak fan 'e Frânske [[koloanje]] [[Louisiana (koloanje)|Louisiana]], dy't it hiele streamgebiet fan 'e [[Mississippy (rivier)|Mississippy]] besloech, foar't dy posysje yn [[1720]] oergie op [[Biloxi (Mississippy)|Biloxi]], en noch letter op [[New Orleans]]. Yn [[1723]], nei't der in nije fêsting fan [[bakstien]] oanlein wie, waard de namme fan 'e delsetting feroare yn Fort Condé, om [[Loadewyk Hindrik fan Boerbon, prins fan Condé]] te earjen. It behold de rest fan 'e Frânske tiid lykwols de rol fan militêr en hannelssintrum, oant it yn [[1763]], nei de [[Frânske en Yndiaanske Oarloch]], mei alle oare Frânske gebieten bewesten de Mississippy oan [[Grut-Brittanje]] ôfstien waard.
 
De Britten neamden de delsetting om ta Fort Charlotte, nei [[Sjarlotte fan Meklenboarch-Strelitz]], de frou fan kening [[George III fan Grut-Brittanje|George III]]. De delsetting waard ûnderdiel fan 'e Britske koloanje [[West-Floarida]] makke, en om't de nije machthawwers [[godstsjinstfrijheid]] ôfkundigen ynstee fan it near te lizzen op it [[roomsk-katolisisme]], wisten se in flink part fan 'e Frânske kolonisten safier te krijen dat se yn Mobile bleaune. Ek datearret de earste [[Joaden|Joadske]] oanwêzichheid yn 'e stêd út dizze snuorje, mei't de Frânsen oare leauwensoertsjûgings as de roomske yn harren koloanjes krekt strang ferfolgen. Under de [[Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch]] waarden West-Floarida en Mobile fierders in taflechtsoard foar Amerikaanske loyalisten.
Rigel 34:
Nei't Mobile yn Amerikaanske hannen kommen wie, begûn de befolking hurd te groeien. Yn [[1814]] krige it offisjeel de status fan [[stêd]], en tsjin [[1822]], minder as tsien jier nei de anneksaasje, wie it ynwennertal mear as ferachtfâldige ta 2.800 minsken. De krite om 'e stêd hinne waard ûntgûn en ta plantaazjelân makke, dêr't rûnom [[katoen]] ferboud waard. Mobile ûntjoech him ta in hannelsstêd, dy't tsjin [[1840]] oangeande katoeneksport inkeld ûnderdie foar [[New Orleans]]. Om't foar de ferbou fan katoen sa't dat doedestiden yn it [[Amerikaanske Suden]] dien waard, in ûnbidich soad [[slavernij|slaven]] nedich wiene, wie Mobile ek lang it sintrum fan 'e slavehannel yn Alabama, oant de steatshaadstêd [[Montgomery (Alabama)|Montgomery]] it yn 'e 1850-er jierren foarbystribbe.
 
Under de [[Amerikaanske Boargeroarloch]] ([[1861]]-[[1865]]) hearde Alabama ta de [[Konfederearre Steaten fan Amearika]], dy't har fan 'e Feriene Steaten besochten ôf te skieden. De haven fan Mobile waard, krekt as alle Súdlike havens, blokkearre troch de Noardlike marine. Ien fan 'e bekendste seeslaggen, de [[Slach yn de Baai fan Mobile]], yn [[1865]], fûn plak fuortby Mobile, en resultearre yn in Noardlike oerwinning. Koart nei't it Suden him oerjûn hie en de oarloch alsa einige wie, rekken der yn Mobile mear as 300 lju dea doe't in Noardlik legerarsenaal yn 'e haven ûntplofte. It lêste fearn fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] hie Mobile slim te lijen fan in [[ekonomy]]ske [[depresje]] dy't mar net oerbetterje woe.
[[Ofbyld:Cathedral-Basilica_of_the_Immaculate_Conception_in_Mobile.jpg|right|thumb|200px|De Katedrale Basilyk fan 'e Unbesmodzge Untfangenis, de sit fan it [[roomsk-katolisisme|roomske]] [[aartsbisdom Mobile]].]]
 
Nei de ieuwikseliuwwiksel fûn Mobile himsels op 'e nij út as in sintrum fan 'e [[stiel]]yndustry en fan [[skipsbou]] yn it Suden. Fral ûnder de [[Earste Wrâldoarloch]] en letter ûnder de [[Twadde Wrâldoarloch]] bloeiden dy sektors as nea tefoaren. Yn deselde snuorje ûntjoech Mobile him ta in folslein [[rasseskieding|segregearre]] stêd, dêr't [[jeropide ras|blanken]] en [[negroïde ras|swarten]] op alle mooglike sosjale terreinen útinoar holden waarden. Nei de Twadde Wrâldoarloch ferfongen de [[papier]]yndustry en de [[gemyske yndustry]] de skipsbou as wichtichste pylders fan 'e ekonomy, en waard de [[rasseskieding]] opheft. Oars as yn 'e rest fan Alabama, dêr't it nasjonaal regear yn it fiere [[Washington, D.C.]] de pleatslike polityk twinge moast ta [[desegregaasje]], barde dat yn Mobile foar in grut part op frijwillige basis (lykas by it pleatslik busferfier en yn 'e [[horeka]]). De rasseskieding yn 'e skoallen waard yn [[1964]] lykwols pas opheft nei't in rjochter dêrta opdracht jûn hie. De ekonomy fan Mobile krige yn [[1969]] in flinke opstopper doe't de [[Loftmachtbasis Brookley]], deunby de stêd, tichtgie. Ek op oare terreinen rekke de pleatslike ekonomy yn it neigean; pas ein jierren tachtich klaude de stêd wer by de wâl op.
 
== Mobile hjoed de dei ==