Muskusrôt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 22:
De muskusrôt is lânseigen yn it grutste part fan [[Noard-Amearika]], útsein allinnich it [[Arktis|Arktyske]] noarden fan [[Kanada]] en [[Alaska]] en dielen fan it súdwesten (súdlik [[Kalifornje]], súdwestlik [[Arizona]] en dielen fan [[Teksas]] en [[Louisiana]]). Yn [[Floarida]], dêr't syn [[ekology]]ske [[nys]] ferfolle wurdt troch de [[Floaridawetterrôt]] (''Neofiber alleni''), ûntbrekt er ek. Hy komt wol foar yn in lyts noardlik hoekje fan [[Meksiko]].
 
As [[pelsdier]] en foar de [[jacht (op bisten)|jacht]] waarden muskusrotten oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] yn [[Jeropa]] yntrodusearre, dêr't de soarte him sûnt rûnom ferspraat hat. Yn [[1905]] waarden yn [[Bohemen]] ferskate eksimplaren yn it wyld útset, en letter ûntsnapten hjir en dêr noch guon út [[pelsdierfokkerij]]en, lykas yn [[Flaanderen]], yn [[1928]]. Dêrtroch wist de soarte him yn Jeropa fluch út te wreidzjen. Yn [[1919]] berikte er [[Finlân]], yn [[1930]] [[Grut-Brittanje]] en yn [[1950]] [[Sweden]]. Tsjintwurdich ûntbrekt de muskusrôt yn Jeropa allinne mar yn [[Súd-Jeropa]], [[Ierlân (eilân)|Ierlân]] en it grutste part fan [[Skandinaavje]], dat er nea berikt hat, wylst er yn [[Grut-Brittanje]] en [[Sweden]] nei syn yntroduksje wer útroege is. Yn [[Aazje]] komme muskusrotten foar yn grutte dielen fan westlik, súdlik en eastlik [[Sibearje]] en fierders yn noardlik [[Kazachstan]], [[Mantsjoerije]], [[Koreä]] en dielen fan [[Mongoalje]]. Underwilens hawwe se har ek ferspraat nei beskate kriten fan [[Argentynje]] en [[Sily]].
[[Ofbyld:Muskrat eating plant.jpg|right|thumb|200px|In muskusrôt oan it miel.]]
 
Rigel 58:
De muskusrôt hat de [[IUCN-status]] fan "net bedrige", om't er sawol yn syn natuerlike ferspriedingsgebiet as dêrbûten noch rûnom foarkomt. De [[Yndianen|Yndiaanske folken]] fan [[Noard-Amearika]] beskôgje muskusrotten al withoelang as wichtige bisten. Sa kinne guon lju foarsizze wannear't de earste [[snie]] falle sil troch yn 'e rekken te hâlden wannear't muskusrotten har nêst begjinne te bouwen en hoe hastich oft se dêrmei binne. Yn ferskate Yndiaanske [[skeppingsmyte]]n is it fierders de muskusrôt dy't nei de boaiem fan 'e oersee dûkt en de drek nei it oerflak bringt dêr't de [[Ierde]] fan skepen wurdt, faak nei't ferskate oare bisten dy taak net oprêde koene.
 
Muskusrotten binne yn [[Noard-Amearika]] al withoelang in wichtige boarne fan fleis, net inkeld foar Yndianen, mar ek foar [[jeropide ras|blanken]]. Yn súdeastlik [[Michigan]] hawwe [[roomsk-katolisisme|roomsen]] (dy't op freed gjin fleis mar wol fisk ite meie) al sûnt de iere [[njoggentjinde ieuiuw]] tastimming om dan muskusrôt te iten (mei't neffens de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] blykber alles dat yn it wetter libbet in fisk wêze moat). Yn [[Jeropa]] stiet de [[Belgje|Belgyske]] koken derom bekend dat "wetterknyn" der as delikatesse beskôge wurdt, al waarden muskusrotten yn [[Fryslân]] (benammen yn 'e [[Wâlden]]) foarhinne ek wol iten.
 
Teffens wurdt de muskusrôt noch altyd bejage en holden om syn [[pels]]. Sa wurde de wintermûtsen fan 'e [[Kanada|Kanadeeske]] [[plysje]] [[Royal Canadian Mounted Police|RCMP]] (bekend fan 'e reade unifoarmjaskes) noch altyd makke fan muskusrottebûnt, in praktyk dy't yn Kanada fûleindige wjerstân ûnderfynt fan in ferskaat oan [[bistebeskerming]]sorganisaasjes, lykas de ''[[Association for the Protection of Fur-Bearing Animals]]''. Yn 'e [[Feriene Steaten]] waard muskusrottebûnt yn it ferline ferkocht as "hudsonseehûnebûnt", wat doedestiden better yn it gehoar lei, mar tsjintwurdich al lang net mear.