Nakota: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
De term '''Nakota''' of '''Nakoda''' (of inkeld ek wol '''Nokota''' of '''Nakona''') is in folksnamme dy't foarhinne yn gebrûk wie foar de [[Westlike Dakota (folk)|Westlike Dakota]], ien fan 'e trije folksdielen fan 'e [[Sû (folk)|Sû]], in [[Yndianen|Yndiaansk]] folk fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] fan [[Noard-Amearika]]. Mei de [[Eastlike Dakota (folk)|Eastlike Dakota]] (foarhinne: Dakota) en de [[Lakota (folk)|Lakota]] waarden de Sû dan wol de "Dakota, Lakota en Nakota" neamd. De namme soe yn alle trije [[Sû (taal)|Sû]]-taalfoarmen "freon" (of om sekuerder te wêzen "bûnsmaat") betsjutte. Lange tiid wie it gebrûk fan 'e term "Nakota" yn dizzen ûnomstriden.
 
Lykwols, yn [[1978]] die út in yngeand ûndersyk troch de [[taalkundige]]n [[Douglas R. Parks]], [[David S. Rood]] en [[Raymond J. DeMallie]] nei de [[dialekt]]ology fan 'e Sû bliken dat de "Nakota" harsels hielendal net sa oantsjutten, mar ynstee mei it [[autonym]] "Dakota". Hoewol't lettere wittenskiplike literatuer fierhinne oan 'e konklúzjes fan Parks, Rood en DeMallie foarbygie, waarden dy folslein befêstige troch it 23-jierrich ûndersyk fan taalkundige [[Jan Ullrich (taalkundige)|Jan Ullrich]], dêr't dy yn [[2008]] syn gesachhawwende [[Lakota (taal)|Lakota]]-wurdboek út gearstalde. Neffens Ullrich sette it misneamen fan 'e Westlike Dakota ''"yn 'e midden fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] ''[úteinset]'' mei [[misjonaris]]sen ûnder de ''[Eastlike Dakota]'' dy't in regel fan fonetyske distribúsje te rigûreus tapasten. Om't it [[Westlik Dakota (taal)|dialekt fan 'e Westlike Dakota]] it [[efterheaksel]] ''-na'' brûkt op plakken dêr't it [[Eastlik Dakota (taal)|Eastlik Dakota]] ''-da'' hat en it [[Lakota (taal)|Lakota]] ''-la'', mienden de misjonarissen mar dat dy ''l-d-n''-distribúsje op alle wurdposysjes fan tapassing wie. Alsa tochten se dat de Westlike Dakota harsels Nakota neamden ynstee fan Dakota. Ungelokkigerwize is dy misse oanname sûnt yn hast eltse publikaasje bestindige."''
 
Dêrby krige de flater sa'n ynfloed dat sels de Lakota en Dakota der ta ein beslút troch beynfloede waarden. Dat de misjonarissen (sa't wol oppenearre is) it àl by de rjochte ein hiene, mar dat der sûnt in ferskowing fan terminology plakfûn hat, is ûnmooglik, mei't de oantsjutting "Nakota" yn 'e âldst oerlevere teksten yn 'e [[Sû (taal)|Sû-taal]] alhiel net foarkomt. Ullrich ferwiisd bgl. mei namme nei it ''English-Dakota Dictionary'' fan John P. Williamson, út [[1902]], wêryn't konsekwint sprutsen wurdt oer "Dakota" ynstee fan "Nakota". Fierders tsjut er oan dat de Westlike Dakota-[[wittenskipster]] [[Ella Cara Deloria]] (b. [[1888]]) ien fan 'e earsten wie dy't de "Nakota"-flater út 'e wrâld besocht te helpen.