Nijfûnlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 23:
 
==Skiednis==
Yn 'e [[prehistoarje]] waard Nijfûnlân bewenne troch [[Yndianen|Yndiaanske]] folken fan 'e [[Dorsetkultuer]], mar doe't it yn 'e [[alfde ieuiuw]] foar it earst troch [[Jeropa|Jeropeänen]] besocht waard (yn 'e foarm fan 'e ekspedysje fan 'e [[Iislân|Iislânske]] [[Wytsingen|Wytsing]] [[Leif Eriksson]]), wie it nei it skynt ûnbewenne. Neitiid moatte dan de [[Beotûk (folk)|Beotûk]]-Yndianen har der nei wenjen set hawwe, want dy holden der ta doe't it eilân om [[1500]] hinne oandien waard troch fiskerslju út [[Portegal]], [[Spanje]] (benammen [[Baskelân (regio)|Baskelân]]), [[Frankryk]] (benammen [[Bretanje]]) en [[Ingelân]], dy't ôfkamen op 'e ûnbidige iezings [[kabeljau]] yn 'e wetters foar de Nijfûnlânske kust.
[[File:Abandoned (8289694785).jpg|left|thumb|250px|Ferfallen huzen oan 'e Nijfûnlânske kust.]]
 
Rigel 31:
Neffens de Kanadeeske folkstelling fan [[2006]] hie Nijfûnlân doe krapoan 480.000 ynwenners, wat delkomt op 91% fan 'e provinsjale befolking, al makket it eilân mar sa'n 30% fan it provinsjaal grûngebiet út. Nijfûnlân hat in oerflak fan 111.390 km² mei de lytsere oanbuorjende eilantsjes ynbegrepen, of fan 108.860 km² as inkeld it haadeilân rekkene wurdt. Dat makket it ta it op trije nei grutste eilân fan Kanada en it op fyftjin nei grutste eilân fan 'e wrâld. De befolkingstichtens is 4,3 minsken de km². Dêrby libbet mear as de helte fan 'e ynwenners op in protsje op it súdeastlike [[Avalonskiereilân]], dêr't û.m. de haadstêd [[St. John's (Nijfûnlân)|St. John's]] leit.
 
It grutste part fan 'e eilânbewenners is fan [[Ingelsen|Ingelsk]], [[Ieren (folk)|Iersk]] of [[Skotten|Skotsk]] komôf, wylst de [[Frânsk]]talige minderheid, de [[Franko-Nijfûnlanners]], sa'n 5,5% befolking fan 'e útmeitsje. Yn 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] waard der njonken [[Ingelsk]] en [[Frânsk]] op Nijfûnlân ek in protte [[Iersk]] sprutsen; it eilân hie doe syn eigen Ierske [[dialekt]], it saneamde [[Nijfûnlânsk-Iersk]], dat sûnt útstoarn is. [[Angelsaksyske Nijfûnlanners]] beskôgje harsels (en wurde troch de rest fan 'e Kanadezen beskôge) as in apart slach folk. Op it Kanadeeske fêstelân wurde grappen oer de ''Newfies'' (sa't de bewenners fan it eilân neamd wurde) ferteld, min ofte mear sa't yn Nederlân wol Belgemoppen ferteld wurde. By de folkstelling fan [[2006]] joech 38% fan 'e befolking as [[etnyske groep|etnisiteit]] "Nijfûnlanner" op. Der liket in Nijfûnlânsk [[nasjonalisme]] yn opkomst, mei as ien fan 'e wichtichste symboalen de grien-wyt-rôze trijekleur.
 
Wat de lânseigen befolking oangiet, de oarspronklike [[Beotûk (folk)|Beotûk]]-[[Yndianen]] binne yn 'e koloniale tiid útstoarn. De lêste folbloed-Beotûk stoar yn [[1829]] en de lêst bekende healbloed-Beotûk yn [[1919]]. De [[Mikmak (folk)|Mikmak]]-Yndianen, dy't har pas nei de [[kolonisaasje]] troch de Ingelsen (út [[Nij-Skotlân]] wei) op Nijfûnlân nei wenjen setten, meitsje tsjintwurdich 3,2% fan 'e befolking út.