Nij-Ingelân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
 
==Skiednis==
De ierste [[kolonisaasje]] fan it gebiet fûn plak yn [[1620]], doe't oan 'e kust de [[Plymouth-koloanje]] stifte waard. Tsien jier letter sette in groep [[puriteinen]] him nei wenjen yn [[Boston]], dêr't se Massachusetts stiften. Yn [[1633]] fûn de earste kolonisaasje fan Konnetikut plak, en yn [[1636]] dy fan Rhode Island. Fermont, Nij-Hampshire en Maine hearden earst lange tiid ta Massachusetts, en makken har dêr pas letter fan los, mei Maine as lêste, yn [[1820]]. Oardel ieuiuw lang spilen de Nijingelânske kolonisten in wichtige rol yn 'e oanhâldende oarloggen fan 'e [[Grut-Brittanje|Britten]] tsjin 'e [[Frankryk|Frânsen]] en harren [[Yndianen|Yndiaanske]] bûnsgenoaten, om 'e hegemony yn [[Noard-Amearika]], oant de Frânsen yn [[1863]] definityf frijwol al harren koloniale besittings dêre opjaan moasten.
 
Koarte tiid letter ûntstie der yn 'e Nijingelânske koloanjes ferset tsjin it besykjen fan it Britske parlemint om nije belestings op te lizzen sûnder dat de fertsjintwurdigers fan 'e kolonisten dêr yn kend wiene. De ''[[Boston Tea Party]]'' wie in protest wêrby't kolonisten ferklaaid as Yndianen de ladingen [[tee]] fan ferskate Britske skippen yn 'e haven fan Boston oerboard smieten. Dêrop reägearre it Britske regear mei in rige strafmaatregels, wêrûnder it ferstellen fan it selsbestjoer fan 'e Nijingelânske koloanjes, dy't de kolonisten de "Net te Fernearen Wetten" (''Intolerable Acts'') neamden. Uteinlik late it konflikt yn [[1775]] ta [[Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch|in iepen oarloch]], wêrby't yn [[1776]] de Britske autoriteiten út 'e koloanjes ferdreaun waarden en de ûnôfhinklikheid útroppen waard. Dat wie it oanbegjin fan 'e [[Feriene Steaten]], dy't yn [[1783]] troch Grut-Brittanje as selsstannich lân erkend waarden.