Nuete rôt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 14:
 
== Skiednis ==
De oarsprong fan 'e nuete rôt giet werom op 'e [[rottefanger]]s dy't yn 'e [[achttjinde ieuiuw|achtjjinde]] en [[njoggentjinde ieuiuw]] yn hiel [[Jeropa]] tsjin betelling rotten fongen. De bisten dy't hja fongen hiene, ferkochten hja dan yn in protte gefallen wer foar saneamde [[bloedsport]]. Yn 'e regel kamen de rotten dan oan har ein yn in [[rottebyt]], oant yn 'e [[tweintichste ieuiuw]] in populêre "sport" wêrby't ferskate rotten yn in djip gat yn 'e grûn pleatst waarden, en in [[terriër]] derby yn smiten waard. It omsteand laach koe dan weddenskippen ôfslute oer de fraach hoelang't de [[hûn]] wurk hawwe soe om 'e rotten ôf te meitsjen. Sawol de rottefangers as de "sportleafhawwers" begûnen beskate nuverkleurige rotten te hâlden om dermei te fokken en de jongen as hûsdieren te ferkeapjen. Twa manlju dy't oan 'e widze fan it hâlden fan 'e rôt as hûsdier stiene, wiene [[Jack Black (rottefanger)|Jack Black]], de offisjele rottefanger fan 'e [[Grut-Brittanje|Britske]] keninginne [[Victoria fan it Feriene Keninkryk|Fiktoaria]], en [[Jimmy Shaw]], de eigner fan in [[Londen]]ske kroech dêr't de in protte "sport"-eveneminten organisearre waarden.
[[Ofbyld:2005_02_27-Knuddy-zul79.jpg|left|thumb|250px|Leaver ien rôt yn 'e hân as tsien yn 'e loft.]]