Oglala: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[File:Ola Mildred Rexroat.jpg|right|thumb|200px|[[Ola Mildred Rexroat]], in Oglala-piloate yn 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] ''[[Women's Airforce Service Pilots]]'' (WASP), ûnder de [[Twadde Wrâldoarloch]].]]
De '''Oglala''' ([[Ingelsk]]: ''Oglala'', útspr.: [oɡə'lala]; [[Lakota (taal)|Lakota]]: ''Oglála'', útspr.: [oɡ'la:la]) binne ien fan 'e sân substammen fan 'e [[Lakota (folk)|Lakota]] of Titon (''Teton''). Yn 'e mande mei de [[Dakota (folk)|Dakota]] foarmje de Lakota de gruttere [[etnyske groep]] fan 'e [[Sû (folk)|Sû]], in [[Yndianen|Yndiaanske]] konfederaasje dy't fan likernôch [[1730]] oant [[1880]] oardel ieuiuw lang it noardlike part fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] fan [[Noard-Amearika]] behearske. De Sû binne ferneamd wurden om 'e oarloggen dy't se yn 'e twadde helte fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] mei it [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] leger útfochten, en de Oglala wiene dêr oan kop en earen ta yn behelle.
 
==Etymology==
Rigel 9:
 
==Demografy==
Hjoed de dei libje de Oglala frijwol allegearre yn 'e Feriene Steaten. Hoefolle fan harren oft der persiis binne, is yn prinsipe ûnbekend, mei't se sûnt de ein fan 'e njoggentjinde ieuiuw nea mear apart teld binne fan 'e oare Lakota. Lykwols stiet fêst dat de [[list fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenning|federaal erkende]] [[Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota]] (''Oglala Sioux Tribe of the Pine Ridge Reservation of South Dakota''), mei 47.000 leden, op in lyts groepke Brulee nei folslein út Oglala bestiet. In lyts espeltsje Oglala is fierders lid fan 'e [[Rosebud Sû Stamme]] (''Rosebud Sioux Tribe''), fan it [[Rosebud Yndianereservaat]] (''Rosebud Indian Reservation'') fan Súd-Dakota, mei 24.000 leden. Yn acht nommen dat net alle etnyske Lakota by ien fan 'e stamme-organisaasjes oansletten binne, soe men sadwaande in foarsichtige skatting meitsje kinne dat der tsjintwurdich krapoan 50.000 Oglala wêze moatte.
 
{{boarnen|boarnefernijing=