Oriïntaalsk-otterdoksy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
 
Rigel 2:
De '''oriïntaalsk-otterdoksy''' is it [[leauwe]] fan dy [[eastersk kristendom|easterske kristlike tsjerken]], dy't inkeld de earste trije [[oekumenysk konsylje|oekumenyske konsyljes]] erkenne (te witten: it [[Earste Konsylje fan Niséa]], it [[Earste Konsylje fan Konstantinopel]] en it [[Earste Konsylje fan Efeze]]), mar de kristlike learstikken sa't dy fêstlein waarden troch it [[Konsylje fan Galsedon]], yn [[451]], fersmite. Dizze '''oriïntaalsk-otterdokse tsjerken''' steane dêrom ek wol bekend as de '''âldotterdokse tsjerken''', of ek wol as de '''miafysityske tsjerken''' of de '''pre-''', '''non-''' of '''net-galsedoanyske tsjerken'''. Troch it [[westersk kristendom]] en de [[eastersk-otterdoksy|eastersk-otterdokse tsjerken]] wurde se ek wol fan '''monofysityske tsjerken''' neamd, al wize se dy namme sels ôf om't se dy ûnsekuer fine.
 
De oriïntaalsk-otterdoksy moat net betize wurde mei de [[eastersk-otterdoksy]] (de tsjerken fan it eastersk kristendom, grutdiels yn [[East-Jeropa]], dy't har by it [[Grutte Skisma]] fan [[1054]] fan it westersk kristendom ôfspjalten), noch mei de saneamde [[Tsjerke fan it Easten]] (dy't de lear fan [[Nestoarius]] folget). De oriïntaalsk-otterdoksy wurdt opmakke troch in groepke tsjerkegenoatskippen, dy't elkmis geografysk en nasjonaal ûnderskaat en hiërargysk selsstannich binne, mar [[teology]]sk feriene. Dizze tsjerken ferkeare yn folsleine kommuny mei-inoar. Sûnt de midden fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] is der in foarsichtige dialooch op gong kommen mei de eastersk-otterdokse tsjerken.
 
===Fersprieding===