Paperback: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[File:Twilight series paperbacks at Costco, SSF ECR.JPG|right|thumb|200px|Steapels ''paperbacks''.]]
In '''''paperback''''' ("papierrêch", fan it [[Ingelsk]]e ''paper'', "papier", en ''back'', "rêch") is in [[boek]] dat ynbûn is mei [[lym]] (ynstee fan naaiwurk of nytsjes) en dat in papierrene [[kaft]] hat dy't maklik skansearre reitsje kin. De earste ''paperbacks'' ûntstiene likernôch healwei de [[njoggentjinde ieuiuw]], as goedkeape boekjes foar yn 'e bûse (dêrfandinne de Ingelsk oantsjutting ''pocket'', dat "bûse" betsjut). It wiene oer it algemien pulpromantsjes dy't bedoeld wiene om 'e tiid te deadzjen as men mei it spoar ûnderweis wie. Pas yn [[1935]] begûn men alderhanne [[literatuer]] yn it ''paperback''-format út te bringen. Dêrby naam de ferneamde [[Grut-Brittanje|Britske]] [[útjouwerij]] ''[[Penguin]]'' it foartou, al hie dy it idee oernommen fan it [[Dútslân|Dútske]] ''[[Albatross Bücher]]''.
 
Hoewol't ''paperbacks'' folle minder duorsum binne as ''[[hardcover]]s'', dy't in hurde kaft hawwe, binne se mar marginaal goedkeaper om te produsearjen. Yn 'e [[boekhannel]] kostet in ''hardcover'' lykwols as gau twa oant twa en in heal kear safolle as in ''paperback'' fan deselde titel. Der falt foar [[útjouwer]]s dus folle mear te fertsjinjen oan in ''hardcover'' as oan in ''paperback''.