Perikles, Prins fan Tyrus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 26:
| ISBN oers. =
}}
'''''Perikles, Prins fan Tyrus''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''Pericles, Prince of Tyre''''', is in [[Ingelân|Ingelsk]] [[toanielstik]] út it begjin fan 'e [[santjinde ieuiuw]], dat alteast foar in part skreaun is troch de wiidferneamde [[skriuwer]] en [[dichter]] [[William Shakespeare]]. It fertelt it ferhaal fan Perikles, de regearjende prins fan 'e [[Fenysje|Fenisyske]] stêdsteat [[Tyrus]], dy't leafde fynt en wer ferliest, mar dy úteinlik weromfynt. Moderne saakkundigen binne it deroer iens dat Shakespeare hast persiis de helte fan it stik skreaun hawwe moat (827 regels), wylst de earste beide akten (835 regels) it wurk binne fan in [[toanielskriuwer]] fan midsmjittich talint, wêrby't it beskikbere bewiismateriaal sterk yn 'e rjochting wiist fan 'e libbensmiddelsleveransier, sutelder en pamfletteskriuwer [[George Wilkins]].
 
''Perikles, Prins fan Tyrus'' is in [[komeedzje]] mei absurde ûntwikkelings yn 'e plot, dy't skreaun wêze moat yn [[1607]] of [[1608]]. It stik waard foar de earste en iennichste kear publisearre (moderne útjeften bûten beskôging litten, fansels) yn [[1609]]. Yn 'e mande mei ''[[De Twa Aadlike Neven]]'' en de beide ferlern giene stikken ''[[Kardenio]]'' en ''[[Leafde's Lêst Al Leanne]]'' wie ''Perikles'' ien fan 'e mar in pear akseptearre toanielstikken fan Shakepeare dy't ûntbrieken yn 'e gesachhawwende ''[[First Folio]]'', út [[1623]], dêr't it wurk fan 'e grutte toanielskriuwer safolle mooglik yn samle waard. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Douwe Kalma]] ferskynde yn [[1976]].