Poitiers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Berne yn Poitiers: 1956 JP Thiollet skriuwer
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 25:
[[Ofbyld:Poitiers dot.png|thumb|left|Plak fan Poitiers yn Frankryk]]
'''Poitiers''' is in [[stêd]] en gemeente yn it [[Frankryk|Frânske]] departemint [[Vienne (departement)|Vienne]] (regio [[Poitou-Charentes]]) mei 87.600 ynwenners (2010). It plak heart ta it arrondissement [[Arrondissement Poitiers|Poitiers]].
[[File:Place du marché.jpg|thumb|260px|Merkplein mei midsieuskemidsiuwske gebouwen]]
 
==Stêd en omkriten==
Rigel 37:
Al foar de Romeinske ynvaazje fan [[Galje]] wie op it plak fan Poitiers in delsetting, dy't waakste ta de Romeinske stêd Lemonum (of Limonum), dêr't termen, in akwadukt en ien fan de grutste amfiteaters fan Frankryk boud waarden (it [[Amfiteater fan Poitiers]]).
 
Faaks hat it by dizze stêd west dat [[Karel Martel]] yn [[Slach by Poitiers (732)|732 de Sarasenen fersloech]] en sadwaande harren opmars nei Noard-Europa opkearde. Poitiers wie de haadstêd fan de Frânske provinsje [[Poitou]] en it waard in bloeiende stêd, net yn't lêste plak meidat it in sammelpunt foar pylgers ûnderweis nei [[Santiago de Compostela]] út noardwest-Jeropa waard. Der waard skitterende [[Romaanske arsjitektuer|romaanske]] tsjerken set. Der kaam in ein oan de bloei doe't kening [[Filips II fan Frankryk|Filips Augustus]] de stêd yn [[1208]] oermastere. Yn de [[14e ieuiuw]] wie it betstjoer fan de stêd in skoft yn hannen fan [[Jan fan Berry|Jean de Berry]] (bekend fan de ''[[Très Riches Heures du Duc de Berry]]'', ferluchtige fan de [[bruorren Van Limburg]]). Hy liet in [[belfort (toer)|belfort]] sette, mei in klok, dy't it fyfde iepenbiere oewurk fan Frankryk wie.
 
Yn de [[Hûndertjierrige Oarloch]] moasten de Frânsen yn de [[slach by Poitiers (1356)]] belies jaan oan de Ingelsken.
Rigel 72:
 
==Stoarn yn Poitiers==
* [[Maksiminus fan Trier]] (ein 3e ieuiuw-346), Frânsk hillige, biskop yn Dútslân
* [[Fenantius Fortunatus]] (om 536-610), dichter yn de Merovingyske tiid en biskop fan Poitiers
* [[Abdul Rahman Al Ghafiqi]] (?-[[732]]), Jemenitysk emir fan Al-Andalus