17.653
bewurkings
No edit summary |
No edit summary |
||
| taal = [[Nederlânsk]]
| sjenre = [[poëzij]], [[essay|essay's]], [[non-fiksje]]
| perioade = 2e helte [[20e
| streaming =
| tema's =
| webside = ''gjint''
}}
'''Rutger Kopland''' (wiere namme: '''Rutger Hendrik van den Hoofdakker'''; [[Goor]], [[4 augustus]] [[1934]] – [[Glimmen (doarp)|Glimmen]], [[11 july]] [[2012]]) wie in [[Nederlân]]sk [[dichter]] en [[essay]]ist, dy't [[literatuer|literêr]] beskôge wurdt as ien fan 'e wichtichste [[Nederlânsk]]talige dichters fan 'e twadde helte fan 'e [[tweintichste
==Libben==
Fan [[1981]] oant [[1995]] wied er [[heechlearaar]] [[biology]]ske [[psychiatry]] oan 'e RUG. Syn ynaugurele rede, útsprutsen op [[21 juny]] [[1983]], hie as titel ''Iets over het Gebruik van Hersenen''. Yn syn hoedanichheid fan heechlearaar produsearre Kopland withoefolle wittenskiplike publikaasjes. Hy spile in wichtige rol yn it ûndersyk nei en de weryntroduksje fan de [[elektrokonvulzjeterapy]] (ECT), better bekend as [[elektroshockterapy]]. Mei troch Kopland syn ynset wurdt dizze behannelmetoade yn Nederlân jiers wer op hûnderten pasjinten tapast.
Yn syn frije tiid hie Kopland him ûnderwilens ûntjûn ta ien fan 'e ynfloedrykste en populêrste [[dichter]]s fan 'e twadde helte fan 'e [[tweintichste
Kopland wie troud, hie trije bern en wenne sûnt de iere jierren sechstich yn it doarp [[Glimmen (doarp)|Glimmen]], yn 'e provinsje [[Grinslân]]. Nei in slim auto-ûngemak yn desimber [[2005]], dat feroarsake waard trochdat er efter it stjoer in [[hertstilstân]] krige, loek er him fierhinne út 'e publisiteit werom. Fraachpetearen joech er frijwol net mear, en optredens yn it iepenbier died er likemin noch. Wol ferskynde yn [[2008]] noch syn lêste dichtbondel ''Toen Ik Dit Zag''. De letter noch publisearre lêzing ''Inleiding in de 'Patafysica'', oer ûnsinbewearings yn 'e wittenskip, hied er yn [[2000]] al holden oan 'e [[Katolike Universiteit Brabân]], te [[Tilburch]]. Rutger Kopland stoar yn 'e âlderdom fan 77 jier, op [[11 july]] [[2012]]. Hy waard yn besletten kring begroeven, al wied er neitiid noch wol betinking yn 'e [[Grins|Grinzer]] [[Martinytsjerke (Grins)|Martinytsjerke]].
|
bewurkings