Shakespeariaanske trageedzjes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
De '''Shakespeariaanske trageedzjes''' binne de [[trageedzje]]s dy't oan 'e ein fan 'e [[sechstjinde ieuiuw|sechstjinde]] en it begjin fan 'e [[santjinde ieuiuw]] skreaun waarden troch de wiidferneamde [[Ingelân|Ingelske]] [[skriuwer]] en [[dichter]] [[William Shakespeare]]. Hjirta hearre guon fan syn meast bewûndere [[toanielstik]]ken, oftewol syn saneamde "fiif grutte trageedzjes": ''[[Hamlet]]'', ''[[Kening Lear]]'', ''[[Otello]]'', ''[[Macbeth]]'' en ''[[Romeo en Julia]]''. Dêrfan waarden de earste fjouwer, yn 'e mande mei syn measte oare trageedzjes, skreaun yn 'e perioade fan sân jier tusken [[1601]] en [[1608]]. ''[[Romeo en Julia]]'' wie in ierder wurk, dat datearret fan 'e snuorje tusken [[1591]] en [[1595]].
 
De tradysjonele yndieling fan 'e toanielstikken fan Shakespeare yn trageedzjes, [[komeedzje]]s en histoaryske stikken is problematysk. Yn it foarste plak binne de saneamde histoaryske stikken ek allegear trageedzjes. Fierders soene guon trageedzjes ek wol ûnder de histoaryske stikken kategorisearre wurde kinne; fral ''[[Julius Caesar (toanielstik)|Julius Caesar]]'' en ''[[Antonius en Kleopatra]]'' komme dêrfoar yn oanmerking. In bettere namme foar de histoaryske stikken is sadwaande "keningsstikken", mei't de trageedzjes dy't as de [[Shakespeariaanske histoaryske stikken]] bekendsteane, allegear oer Ingelske keningen geane. ''[[Symbelinus]]'', ta ein beslút, waard yn 'e gesachhawwende ''[[First Folio]]'', út [[1623]], ta de trageedzjes rekkene en wurdt dêr sadwaande oer it algemien noch by yndield, hoewol't men tsjintwurdich eins fynt dat it mear de eigenskippen fan in komeedzje hat.