Sierra Nevada (Feriene Steaten): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
De Sierra Nevada wurdt karakterisearre troch syn [[granyt]]stiente, dat mear as 100 miljoen jier lyn by [[geology]]ske prosessen djip ûnder de grûn foarme is. It berchtme sels ûntstie sa'n 4 miljoen jier lyn, doe't it troch de beweging fan 'e [[tektoanyske plaat|tektoanyske platen]] fan 'e [[ierdkoarst]] omheech staat waard. Neitiid waard it granyt bleatlein troch [[grûneroazje|eroazje]] dy't feroarsake waard troch de bewegings fan [[gletsjer]]s, sadat de ljochtkleure bergen en kliffen ta wêzen kamen dy't hjoed de dei de Sierra Nevada opmeitsje.
 
[[Argeology]]ske fynsten bewize dat der yn 'e Sierra Nevada al teminsten fan 3.000 f.Kr. ôf bewenning troch [[Yndianen|lânseigen groepen]] foarkaam. Yn 'e histoaryske perioade waard it gebiet bewenne troch de [[Noardlike Pajût (folk)|Noardlike Pajût]] oan 'e eastkant, de [[Mono (folk)|Mono]] en [[Miwok (folk)|Miwok]] oan 'e westkant en de [[Kawaiïsû (folk)|Kawaiïsû]] en [[Tûbatûlabal (folk)|Tûbatûlabal]] yn it suden. Ferskate yntertribale hannelsrûtes rûnen troch de bergen. Yn 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] foarme it westlike foarlân fan 'e Sierra Nevada fan [[1848]] oant [[1855]] it toaniel fan 'e [[Kalifornyske Goudkoarts]], wêrby't it gebiet oerstreamd waard troch likernôch 300.000 [[goud]]sikers, dy't de oarspronklike bewenners suver útroegen om har lân yn besit te krijen. It berchtme sels wie lykwols lange tiid ûnferkend, om't it sa dreech tagonklik wie. Pas yn [[1912]] waard it lêste stikje fan 'e Sierra Nevada yn kaart brocht. Sûnt hawwe ferskate dielen fan it berchtme de status fan [[nasjonaal park]] krigen.
 
{{boarnen|boarnefernijing=