Standing Buffalo Dakota Naasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L nije ynfoboks
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 26:
De Standing Buffalo Dakota Earste Naasje is ien fan acht lytse Sû-stammen yn súdlik [[Saskatchewan]] en [[Manitoba]], dy't dêr oan 'e ein fan 'e [[Dakota-Oarloch fan 1862]] fêstige binne troch almeast Eastlike Dakota, nei harren flecht út 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Minnesota]] wei. It Kanadeeske regear erkent dizze "earste naasjes" en hat oan harren reservaten tawiisd, mar hâldt út dat se eins Amerikaanske flechtlingen binne, dy't inkeld yn Kanada tahâlde om't de Kroan sa freonlik is om dat ta te stean. Neffens dy riddenearring kinne de Sû yn Kanada dus gjin lânrjochten jilde litte. De Sû-stammen, oan 'e oare kant, hawwe lânkaarten en offisjele dokuminten fan foàr de [[kolonisaasje]] fan súdlik Saskatchewan en Manitoba, dêr't út blike soe dat dy krite doe wol deeglik ta harren wengebiet hearde. Dit is in juridysk toulûken dat al geande is sûnt de 1870-er jierren en dêr't mei koarten grif ek gjin ein oan komme sil.
 
De Standing Buffalo Dakota Earste Naasje is neamd nei [[Steande Bizon]] (yn it Ingelsk ''Standing Buffalo'' en yn it oarspronklike Dakota ''Tatáŋka Nažíŋ''), in kriger dy't yn [[1871]] opperhaad waard fan in Dakota-troep. Yn [[1877]] krige er tastimming fan it Kanadeeske regear om him mei syn folgelingen nei wenjen te setten oan 'e noardkant fan 'e [[Qu'Appelle-marren]] yn súdlik Saskatchewan, en yn [[1881]] waard dêre in reservaat foar de troep stifte. Tsjin [[1901]] wie de Standing Buffalo-troep selsfoarsjennend, mar in fersyk om mear lân waard yn [[1903]] ôfwiisd, ek al hiene de leden fan 'e troep oarspronklik mar 80 ''[[acre (oerflaktemjitte)|acres]]'' grûn per gesin fan fiif minsken krigen ynstee fan 'e gewoanlike 640 ''acres''. Doe't de oerheidsgrûnen om it reservaat hinne, dy't de Standing Buffalo-troep foarhinne as haailannen brûkt hie, yn [[1907]] ferkocht waarden oan partikuliere eigners, hold dat in grutte tebeksetter foar de stamme yn, dy't fan dy tiid ôf ôfhinklik wie fan deihierarbeid om itende te bliuwen. Yn [[1920]], in jier foar syn dea, reizgje Steande Bizon noch hielendal nei it fiere [[Ottawa]] ta, om it Kanadeeske regear derta te bewegen en jou syn stamme mear lân, mar dat barde pas in fearnsieufearnsiuw letter, yn [[1956]]. Hjoed de dei binne buorkjen en deihierarbeid noch altiten de wichtichste ynkomsteboarnen fan 'e Standing Buffalo Dakota Earste Naasje.
 
{{boarnen|boarnefernijing=