Súdeast-Alaska: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 4:
 
==Geografy==
Súdeast-Alaska hat in oerflak fan 91.010 km², wat delkomt op 6,1% fan Alaska (wêrmei't it dochs grutter is as bgl. de steat [[Maine]]). It is in smelle stripe lân dy't yn it súdwesten begrinzge wurdt troch de [[Stille Oseaan]], yn it súdeasten en easten troch de [[Kanada|Kanadeeske]] [[Kanadeeske provinsjes|provinsje]] [[Britsk-Kolumbia]] en yn it noardeasten troch de [[Yukon]], in Kanadeesk [[Kanadeeske provinsjes|territoarium]]. Yn it noardwesten sit it fêst oan 'e rest fan Alaska. De grins mei Kanada rint foar in grut part by de heechste toppen fan it [[Kustberchtme]] lâns. Súdeast-Alaska is in gebiet fan [[rots]]ige [[berch|bergen]], ûnoantaaste [[nullewâld]]en en rûge kusten. De withoefolle [[eilân|eilannen]] dy't foar de [[fjord]]ekust lizze, foarmje it einpunt fan 'e [[Binnenpassaazje]] (''Inside Passage''), in beskerme wetterwei dy't begjint yn 'e [[Puget Sound]] by [[Seattle]] en dêrwei tusken de eilannen troch en by de kust lâns bochtet. Dy rûte spile fral oan 'e ein [[njoggentjinde ieuiuw]] in krúsjale rol by de Amerikaanske kolonisaasje fan Alaska en de [[Goudkoarts fan Klondike]].
[[File:Sapphire Princess02.JPG|right|thumb|250px|In cruiseskip yn 'e haven fan [[Ketchikan (Alaska)|Ketchikan]].]]
 
==Demografy==
Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan [[2010]] hie Súdeast-Alaska doe in befolking fan krapoan 72.000 minsken, wêrfan't likernôch 45% konsintrearre wie yn [[Juneau (Alaska)|Juneau]], de grutste [[stêd]] fan it gebiet, dy't tagelyk ek de steatshaadstêd fan Alaska is. Oare gruttere plakken yn Súdeast-Alaska binne [[Ketchikan (Alaska)|Ketchikan]] en [[Sitka (Alaska)|Sitka]]. In oansjenlik diel fan 'e befolking fan it gebiet wurdt noch foarme troch de [[Yndianen|lânseigen bewenners]], foar it meastepart de [[Tlingit (folk)|Tlingit]], en fierders op [[Prince of Waleseilân (Alaska)|Prince of Waleseilân]] ek [[Haida (folk)|Haida]]. It trêde [[Yndianen|Yndiaanske]] folk út it gebiet, de [[Tsimsjian (folk)|Tsimsjian]], dy't in delsetting hawwe te [[Metlakatla (Alaska)|Metlakatla]], op it eilân [[Annette (eilân)|Annette]], komme oarspronklik út noardwestlik Britsk-Kolumbia, en hawwe har pas oan 'e ein fan 'e njoggentjinde ieuiuw yn Alaska nei wenjen set.
 
==Ekonomy==
Op [[ekonomy]]sk mêd moat Súdeast-Alaska it benammen hawwe fan 'e kommersjele [[fiskerij]] en fan it [[toerisme]]. By dat lêste giet it fral om lju dy't it gebiet oandogge by rûnfearten mei [[cruiseskip]]pen troch it noarden fan 'e [[Stille Oseaan]]. Foarhinne wie ek de [[boskbou]] en de dêrmei mank geande [[papier]]yndustry fan grut belang foar de regionale ekonomy, mar dy sektor is geandewei it lêste part fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] troch konkurrinsje mei oare gebieten sterk yn it neigean rekke, wat resultearre hat yn 'e sluting fan 'e measten papierfabriken. Súdeast-Alaska is yn ekonomysk (en [[kultuer|kultureel]]) opsjoch nauwer ferbûn mei [[Seattle]] en it [[Amerikaanske Noardwesten]] as mei de rest fan Alaska.
 
{{boarnen|boarnefernijing=