Ferskil tusken ferzjes fan "Suden (Feriene Steaten)"

gjin bewurkingsgearfetting
L (red)
 
==Skiednis==
Under oarspronklike trettjin [[Grut-Brittanje|Britske]] [[koloanje]]s dy't har selsstannigens wûnen yn 'e [[Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch]], wiene seis Súdlike steaten: Delaware, Marylân, Firginia, Noard-Karolina, Súd-Karolina en Georgia. Yn 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] ûnderskate it Suden him fan 'e rest fan Feriene Steaten (it saneamde Noarden) troch it behâld fan it ynstitút fan 'e [[slavernij]]. De negerslaven wiene yn it Suden nedich om 'e oars ûnrindabel grutte [[katoen]]- en [[tabak]]splantaazjes fan harren blanke eigners te bewurkjen.
 
De hiele [[ekonomy]] fan it Suden wie talein op fral de produksje fan katoen, en dêrtroch kaam it gebiet geandewei de ieuiuw almar mear yn botsing mei it [[yndustry|yndustriële]] Noarden, dat hiele oare prioriteiten hie. Sa woe it Noarden dat de [[ynfier|yn]]- en [[útfier]] beheind waard om 'e eigen fabriken te beskermjen tsjin bûtenlânske konkurrinsje, wylst it fan [[eksport]] ôfhinklike Suden krekt net sûnder frije hannel koe. Teffens bestie der ûniennichheid oer de rjochten fan 'e ôfsûnderlike steaten foar de macht fan it federale regear oer. De strideraasje kaam úteinlik ta in útbarsting yn 'e [[Amerikaanske Boargeroarloch]], wêrby't de steaten Firginia, Tennessee, Noard-Karolina, Súd-Karolina, Georgia, Floarida, Alabama, Mississippy, Louisiana, Arkansas en Teksas har tusken [[1861]] en [[1865]] besochten ôf te skieden ûnder de namme fan 'e [[Konfederearre Steaten fan Amearika]] (of koartwei de Konfederaasje).
[[File:Cherry_River_West_Virginia.jpg|right|thumb|250px|De rivier de [[Cherry (rivier)|Cherry]] yn [[West-Firginia]].]]
 
Dat slagge úteinlik net, en om't de Noardlike presidint [[Abraham Lincoln]] ûnder de oarloch yn it hiele lân de slavernij ôfskaft hie, waard it Suden neitiid yn in djippe ekonomyske krisis stoarten. Under it folgjende [[Tiidrek fan de Weropbou]] krigen de befrijde slaven it [[kiesrjocht]] en wisten se earst bloeiende mienskippen te stiftsjen, mar al rillegau kearde foar harren it tij. De measte blanken yn it Suden wegeren har by de nije sitewaasje del te lizzen. Organisaasjes lykas de beruchte ''[[Ku Klux Klan]]'' waarden oprjochte en tusken [[1880]] en [[1930]] waarden tûzenen swarten [[lynche|lyncht]]. Tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde ieuiuw fierden alle Súdlike steaten [[diskriminaasje|diskriminatware]] saneamde [[Jim Crow-wetten|''Jim Crow''-wetten]] yn, dy't de [[rasseskieding]] en de útsluting fan swarten fan it kiesrjocht fan hegerhân opleine. As resultaat fan 'e ûnderdrukking kaam oan it begjin fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] de [[Afro-Amerikaanske Folksferhuzing]] op gong. Dêrby lieten hûnderttûzenen earme swarten de útsichtleaze sitewaasje yn it Suden efter har om nei de grutte stêden yn Noarden te ferfarren.
 
Yn 'e jierren fyftich fan 'e tweintichste ieuiuw kaam de swarte befolking fan it Suden massaal yn ferset tsjin it ynstitúsjonalisearre [[rasisme]]. Dy [[Amerikaanske Boargerrjochtebeweging]] stie ûnder lieding fan foaroanlju as [[Martin Luther King]] en [[Malcolm X]]. Nei in jierrenlange, grutdiels freedsume striid, dêr't de blanke machthawwers yn it Suden mei grou geweld tsjin fanwegen kamen, wisten de Afro-Amerikanen tsjin [[1970]] einlings har rjocht te heljen. De rasseskieding waard opheft, en de swarten yn it Suden krigen alle boargerrjochten dy't har blanke buorlju ek hiene. Nettsjinsteande dat hat it plattelân fan it Suden ek hjoed de dei noch de namme it meast rasistyske diel fan 'e Feriene Steaten te wêzen.
[[File:Confederate Rebel Flag.svg|left|thumb|180px|De oarlochsflagge fan 'e [[Konfederearre Steaten fan Amearika|Konfederaasje]], in omstriden symboal fan it Suden.]]
 
It beskikber kommen fan in betelbere foarm fan [[airconditioning]] lei it [[simmer]]deis gleonhjitte en alderferskuorrendst neare Suden om [[1950]] hinne iepen foar ûntjouwing op alderlei mêd. Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste ieuiuw wie it it diel fan 'e Feriene Steaten mei de fluchst groeiende stêden en ekonomy. [[Houston]], [[Dallas (Teksas)|Dallas]], [[Fort Worth]], [[San Antonio (Teksas)|San Antonio]], [[Austin (Teksas)|Austin]], [[Oklahoma City]], [[Tulsa (Oklahoma)|Tulsa]], [[New Orleans]], [[Little Rock (Arkansas)|Little Rock]], [[Memfis (Tennessee)|Memfis]], [[Nashville (Tennessee)|Nashville]], [[Jackson (Mississippy)|Jackson]], [[Montgomery (Alabama)|Montgomery]], [[Birmingham (Alabama)|Birmingham]], [[Jacksonville (Floarida)|Jacksonville]], [[Tampa (Floarida)|Tampa]], [[Miami]], [[Atlanta]], [[Charlotte (Noard-Karolina)|Charlotte]] en [[Arlington (Firginia)|Arlington]] ûntjoegen har yn dy snuorje allegear ta wichtige stêden of sels metropoalen.
 
==Demografy==
It Suden is nei alle gedachten it diel fan 'e Feriene Steaten dat him it dúdlikst fan 'e rest fan it lân ûnderskiedt, mei in eigen [[kultuer]], [[dialekt]], [[skiednis]], sosjale wisânsjes, [[muzyk]]stilen en itensiederij. Yn [[2010]] hie de regio neffens it Amerikaanske Folkstellingsburo goed 114,5 miljoen ynwenners, wat delkomt op 37% fan alle ynwenners fan 'e Feriene Steaten. Fan 'e oarspronklike, [[Yndianen|lânseigen befolking]] fan it gebiet is net in protte mear oer sûnt yn 'e earste helte fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] de saneamde [[Fiif Beskaafde Stammen]] ([[Sjeroky (folk)|Sjeroky]], [[Tsjoktau (folk)|Tsjoktau]], [[Tsjikkesau (folk)|Tsjikkesau]], [[Kriik (folk)|Kriik]] en [[Seminoalen]]) oer it beruchte [[Spoar fan Triennen]] nei it Westen ta deportearre waarden. De [[jeropide ras|blanke]] befolking fan it gebiet hat sterke [[Ingelsen|Ingelske]], [[Ieren (folk)|Ierske]], [[Ulstersen|Ulsterske]] en [[Skotten|Skotske]] woartels. It Suden hat ek in grutte [[Afro-Amerikanen|Afro-Amerikaanske]] befolking, dy't fuortkomt út 'e eardere [[slavernij|negerslaven]].
 
It [[dialekt]] fan it [[Amerikaansk-Ingelsk]] dat yn it Suden sprutsen wurdt, is it [[Súdlik Amerikaansk-Ingelsk]], dat him benammen karakterisearret troch in teamerige, faak nasale manear fan praten. De [[Amerikaanske Bibelgurdle]] wurdt hielendal troch it Suden omjûn, en fierwei it grutste part fan 'e befolking fan it gebiet is dan ek [[kristendom|kristlik]], mei dêrûnder in heech persintaazje kristlike [[fûnemintalisme|fûnemintalisten]]. Wat de [[polityk]] oangiet, wie it Suden, dat yn dit opsjoch wol ''the Solid South'' ("it Solide Suden") neamd waard, fan [[1877]] oant [[1964]] in kearngebiet fan 'e [[Demokratyske Partij (Feriene Steaten)|Demokratyske Partij]]. Sûnt de sechstiger jierren is dat lykwols folslein feroare, en tsjintwurdich stimt it Suden yn grutte mearderheid [[Republikeinske Partij (Feriene Steaten)|Republikeinsk]].
17.651

bewurkings